
Eastermar Bloeit
AlgemeenFan 24 oant en mei 30 augustus lit Eastermar him fan syn meast duorsume en sûne kant sjen. Yn dy wike wurdt der foar en troch de bewenners fan ‘de Pearel fan ‘e Wâlden’ in grut tal aktiviteiten organisearre en dêrby stean mienskipssin, sûn gedrach en each foar de natoer sintraal. Under de wjukken fan Fossylfrij Fryslân, Arcadia en Doarpskoöperaasje Enerzjyk Eastermar sille de Eastermarders as fjirde doarp yn Fryslân, dit jier in Bloeiwike belibje.
Sa wurdt der bgl. in ‘langste-tafel-iterij’ hâlden, binne der sport-, beweech- en meditaasje-oeren, kin der nifele wurde mei filt, is der in filmfoarstelling en ek in moarnsbrogge foar de ûndernimmers fan it doarp.
It hiele program is te finen op eastermar.bloeit.frl
Dizze wike wurdt iepene op saterdei 24 augustus. Dat bart yn ‘e doarpstún ofwol ‘iterstún’ achter wenkompleks De Nije Hoarnst oan ‘e Grote Hornstweg. Boargemaster Jeroen Gebben nimt om 10.30 oere de iepeningshanneling foar syn rekken.
Fossylfrij Fryslân sil fertsjintwurdige wurde troch Bouwe de Boer.



















