Yn it blau) Anja Steegstra yn de rol fan útfeartlieder Tine Schaap - gjin Tine Skiep, sa wol se perfoarst net oansprutsen wurde - rjochts Jelly Krol as har assistinte Akkemyn.
Yn it blau) Anja Steegstra yn de rol fan útfeartlieder Tine Schaap - gjin Tine Skiep, sa wol se perfoarst net oansprutsen wurde - rjochts Jelly Krol as har assistinte Akkemyn. Foto: Luka Zwart

Kaartferkeap iepenloftspul Snakkerbuorren 30 july los

Algemeen

De keartferkeap foar iepenloftspul ‘Galgen’ yn Snakkerbuorren giet los op freed 30 july om 16.00 oere. Kaarten bestelle kin op iepenloftspulsnakkerbuorren.nl.

‘Galgen’ is in swarte komeedzje oer in famyljebedriuw dat al fjouwer generaasjes galgen (bretels) makket fan de alderheechste kwaliteit. De dagen foarôfgeand oan de útfeart fan âld-direkteur Bouke Helfrich komme inkele tsjustere saken oan it ljocht, oer de ferstoarne en oer it bedriuw. Utfeartlieder Tine Schaap docht der alles oan om de útfeart oarderlik ferrinne te litten.

Tradysje opboud

De tekst is fan Sietse de Vries, regisseur is Karin Idzenga. Der wurdt al wakker repetearre yn Snakkerbuorren, in lyts doarpke noardeastlik fan Ljouwert, oan de Dokkumer Ie. It doarpke hat njonkelytsen in tradysje fan iepenloftspullen opboud, mei teksten fan ynwenner Sietse de Vries (sjoernalist en skriuwer).

Tal taskôgers ûnwis

Op dit stuit is noch net dúdlik hoefolle taskôgers yn septimber talitten wurde kinne. Troch in ekstra tribune te pleatsen kinne minimaal 110 taskôgers de foarstellingen bywenje. Sûnder oardel-meter-foarskriften is der plak foar 220 taskôgers. Mochten it der net mear wurde meie as 110, dan is de ferwachting dat de foarstellingen gau útferkocht wêze sille. De foarstellingen binne op 15, 17, 18, 21, 23, 24 en 25 septimber 2021, oanfang 20.00 oere.

Kwekerij waard Doarpstún

De âlde kwekerij efter Oan ‘e Dyk yn it eardere túnkersdoarp Snakkerbuorren hjit no ‘De Doarpstún’. It begûn allegear yn 2001 mei in tal entûsjaste doarpsbewenners/frijwilligers dy’t besleaten de eardere kwekerij op te knappen en mei de bou fan fruit, griente en blommen âlde gloarje ta nij libben te bringen.

Lytse lokaasje

Yn in smûk skaadzjend hoekje fan de tún hawwe dyselde doarpsbewenners yn 2008 it lytste iepenloftteater fan Fryslân makke. Alle betingsten foar in iepenloftspul oer ‘lok’ wiene oanwêzich. Sa hjitte dan ek it earste iepenloftspul. Lok. Dêrnei ûntstie in jierlikse iepenloftspul-tradysje. Sjoch ek: iepenloftspulsnakkerbuorren.nl 

Sjoch foar mear ynformaasje oer de Doarpstún op www.dedoarpstun.nl of sjoch ris op de tún sels.

Links (yn it blau) Anja Steegstra yn de rol fan útfeartlieder Tine Schaap - gjin Tine Skiep, sa wol se perfoarst net oansprutsen wurde - rjochts Jelly Krol as har assistinte Akkemyn.

Lifestyle Kids Event in Dokkum was een groot succes.
Samen voor de Voedselbank Dokkum Algemeen 12 uur geleden
Creëer je eigen thuis in je huis.
Een huis dat bij je past Algemeen 13 uur geleden
Dyon van der Bie in actie.
Van R3 naar R7: Een nieuwe stap voor Dyon van der Bie Algemeen 15 uur geleden
Harmen van Straaten
Spot aan! Kinderboekenweek vol theater, muziek en verbeelding bij Bibliotheek Drachten Algemeen 17 uur geleden
De onthulling van de fotowand bij FC Birdaard.
Zestigjarig jubileumfeest FC Birdaard met onthulling fotowand Algemeen 6 okt, 17:00
OBS De Wiksel
OBS De Wiksel rent voor Stichting Opkikker Algemeen 6 okt, 15:36
Stadsbeiaardier Auke de Boer geeft uitleg over de restauratie van het carillon.
(video) Groot onderhoud Oude Stadhuis Dokkum afgerond Algemeen 6 okt, 15:00
Dokkumer Nico Douma, mede initiatiefnemer historisch naslagwerk 'Achter de Gevels'
Uniek boek ‘Achter de Gevels’ toont historische interieurs Algemeen 6 okt, 13:00
Electro World Talsma viert 20 jaar op de Zuiderschans.
Electro World Talsma viert 20 jaar op de Zuiderschans Algemeen 6 okt, 12:30
Broekster Boys vertrekt met lege handen uit Drachten.
Broekster Boys vertrekt met lege handen uit Drachten Algemeen 6 okt, 10:11
Drukste open dag tot nu toe voor Luchtpatrouille de Drones.
Drukste open dag tot nu toe voor Luchtpatrouille de Drones Algemeen 6 okt, 10:00
De warmtepomp als vervanger van de CV-ketel
Van het gas af, hoe pak je dat aan? Algemeen 6 okt, 08:30
Burgum Masters gewonnen door Sjetsje van der Meer
Burgum Masters gewonnen door Sjetsje van der Meer Algemeen 6 okt, 07:30