Fan links nei rjochts: Bram Zwart (Bertus Aafjes) , Samuel van Aken (Dirk Bakker) en Abia Manzanares (Popke Bakker).
Fan links nei rjochts: Bram Zwart (Bertus Aafjes) , Samuel van Aken (Dirk Bakker) en Abia Manzanares (Popke Bakker). Foto: Lucas Kemper

‘MOED’ oer broers Bakker út Bûtenpost alhiel útferkocht

Algemeen

Yn it Jeltingahûs yn Bûtenpost binne alle foarstellingen fan it teaterstik ‘MOED – Je mag wel bang zijn, maar niet laf’ - folslein útferkocht. It stik fan Pier21 giet oer de bruorren Bakker út Bûtenpost, dy’t foar de Twadde Wrâldoarloch opgroeiden yn ’t Jeltingahûs en yn de oarloch yn it ferset sieten tsjin de Dútske besetters.

It stik wurdt dus ek opfierd yn datselde Jeltingahûs (neist it gemeentehûs), dêr’t yn de ‘grutte’ seal heechút fyftich minsken tagelyk in foarstelling bywenje kinne. Dy seal is oanklaaid mei hiel grutte, oarspronklike foto’s fan de bruorren en suskes Bakker. Op de grutste foto steane njoggen bern: fiif bruorren en fjouwer suskes.

Homoseksueel

De (‘grifformearde’) bruorren waarden ekstra oanfitere yn it ferset te gean, omdat guon fan harren homoseksueel wienen. Sy waarden, lykas Joaden en minsken mei in Roma- of Sinti-achtergrûn, troch de nazi’s opsletten yn wurk- of konsintraasjekampen, dan wol sa fluch mooglik fermoarde.

It stik is basearre op it boek ‘MOED’ fan sjoernaliste en skriuwster Toni Boumans, mei as sintraal barren de oanslach op it befolkingsregister fan Amsterdam, doetiids njonken bistetún Artis. De Bakkers wiene belutsen by dy oanslach. Ien fan de bruorren, Sjoerd, makke nazi-unifoarmen nei, dêr’t de fersetslju harren yn ferklaaiden om sa de oerfal op it Befolkingsregister hâlde te kinnen.

Regisseur-yn-oplieding

De Bakker-broers wiene yn de oarlochsjierren noch jong. Fandêr dat it ûnderwerp jonge toanielspilers oansprekt. Regisseur-yn-oplieding Oetsen van der Veen (22) út Kollumersweach seit: “It ferhaal sprekt my oan. It giet oer jonge minsken en oer homoseksualiteit. Ik bin sels ek homoseksueel, dus dat ‘matcht’ goed.”

Al sûnt jannewaris is de ploech akteurs en regisseurs (allegearre noch yn oplieding) oan it repetearjen. Earst wykliks yn teater De Bres yn Ljouwert en letter twa kear wyks. De lêste pear wiken foar de ‘tryouts’ fan 1 en 2 maaie en de premjêre fan 3 maaie repetearje se alle dagen (“behalve op Keningsdei”) yn it Jeltingahûs.

Yn toanielklean

By de earste repetysje yn toanielklean, tiisdeitemiddei 23 april, is der noch gauris opûnthâld, bygelyks omdat der wat mis is mei in kostúm, of omdat in akteur de tekst efkes kwyt is, of om oare redenen. De Dútske unifoarms yn it stik sjogge der trouwens bysûnder echt út!

Nei de repetysje fan 23 april, as fotograaf Lucas Kemper in hiele rige foto’s makke hat fan ferskate sênes, moatte alle rekwisiten en toanielklean út de bykeamer wei en ferhuze wurde nei de grutte seal. “Der is hjir moarn in trouwerij, dan moat dy oare keamer leechromme wêze!” fertelt ien fan de produksjemeiwurkers.

‘Radio Oranje’

As in soarte fan reade tried troch de foarstelling rinne de saneamde útstjoerings fan Radio Oranje. De Nederlânsktalige teksten dêrfan hâlde de taskôgers-harkers ‘by de tiid’, eins al fan foar de oarloch (dan is der fansels noch gjin Radio Oranje, mar der binne wol nijsberjochten), oant de ein fan de oarloch. (Yn ’t begjin fan it stik geane dy radio-útstjoerings lykwols oer hjoeddeiske oarloggen, tusken Israël en Palestina en tusken Ruslân en Oekraïne). De foarstelling is meartalich: Frysk, Nederlânsk en Dútsk.

In lestich punt foar akteurs en rezjy is neffens Oetsen van der Veen, dat spile wurdt yn in frij lytse romte. “De keunst wurdt om de spilers goed te ‘pleatsen’, sadat de taskôgers begripe dat de iene sêne him op in oar plak ôfspilet as de folgjende sêne. Mar ik ha der fertrouwen yn dat it allegearre foarinoar komt.”

Adri de Boer
Nij Beets viert de pinkster met Fredesfestival Algemeen 5 uur geleden
RIOT V
De legendarische metalband RIOT V naar Iduna Algemeen 9 uur geleden
Grote Kerk Dokkum.
Er zit muziek in de kerk Algemeen 10 uur geleden
Dokkumer skûtsjebier nu ook in fles verkrijgbaar
Na groot succes, skûtsje bier nu ook in de fles verkrijgbaar Algemeen 11 mei, 17:00
Voor het pand van de Buurtkamer op de Oostersingel: Prijswinnaar van de Big Green Egg, Kees Wielstra, en Peter de Bruin (Lions Noordoost-Friesland) overhandigt de cheque aan Kor Lei en Jolanda Heeringa, medewerkers Leger des Heils
Badeendjesrace levert € 5000,- op voor 'De Ferbiner' Algemeen 11 mei, 16:30
Dag van het Kasteel bij Dekema State Jelsum maandag 20  mei 2024
Glad gestreken, goed gedekt! Algemeen 11 mei, 15:45
PROWL
Canadese thrashmetalband PROWL naar Iduna Algemeen 11 mei, 14:57
Schaakclub “De Twee Kastelen” (DTK) uit Buitenpost organiseert het Fries Kampioenschap Rapidschaak. Foto ter illustratie
Fries Kampioenschap Rapidschaak 2024 Algemeen 11 mei, 11:53
Schildervakantie
Kunstacademie Friesland strijkt neer in Wijngaard De Frysling Algemeen 11 mei, 09:35
IVN excursie zaterdag 1 juni a.s.
Excursie IVN door het Geastmer Bosk Algemeen 10 mei, 17:00
Het Wonder van het Elfenbankje (kerstmusical 2023) |
Zoektocht amateurtalent De Lawei gestart Algemeen 10 mei, 16:12
In likje Huning 1982
Tryater vraagt zestig herinneringen uit zestig jaar Algemeen 10 mei, 12:00
Zet je moeder in het zonnetje!
Vier moederliefde met bloemen Algemeen 10 mei, 09:45