Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra.
Foaroan winnares Nynke Duiff-Veenstra, har soan Willem, presintator en foarlêzer Miranda Werkman en links-achter Gerrit Hiemstra. Foto: Jacob van Essen (Het Hoge Noorden

Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld winner Grut Frysk Diktee

Algemeen

It Grut Frysk Diktee 2024 is wûn troch Nynke Duijff-Veenstra fan Damwâld. Mei mar 2,5 flaters wie dat resultaat goed foar it Gouden Dakje. Bysûnder om’t by har in oantal jierren lyn de spiersykte ALS fêststeld is.

Dêrtroch is sy har spraakfermogen sa goed as kwytrekke en ûnderfynt sy hieltyd mear problemen mei bewegen. Dêrom hat sy it diktee yn de Steateseal makke op in spesjale laptop. Tegearre mei har soan Willem Duijff naam sy it gouden dakje yn ûntfangst.

Werom yn de Steateseal

Ekstra bysûnder is dat sy foar it earst sûnt 2021 werom wie yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Dêr hat sy, as notuliste en beliedsmeiwurker fan de griffy, ûngefear hûndert gearkomsten fan Provinsjale Steaten folge. It diktee waard holden op tiisdei 23 april en op Omrop Fryslân-tv útstjoerd op woansdei 24 april.

Twadde waarden Mariska Velstra en Hessel Yntema, tredde Doutsen Jellema en Siegbert de Jong. Der diene fan ‘t jier ek wer fiif teams mei. Dy strieden tsjininoar en dêrby wienen fan de Freonen fan Fryske ynstellingen mei gemiddeld 12,6 flaters it winnende team. Se waarden folge troch de studinten Frysk út Amsterdam (yn trochsneed 26,5 flaters) en it tredde plak wie foar it team fan Harkemase Boys (trochinoar 39,9 flaters).

Waarman Gerrit Hiemstra

De tekst fan it diktee wie skreaun troch waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra (opgroeid yn Sumar). De titel wie ‘Ofskied fan ‘e winter’. Yn sân alinea’s joech Hiemstra oan dat it klimaat feroaret. As wy dêr wat oan dwaan wolle, dan moatte wy ôfskied nimme fan ús hjoeddeiske libbenswize. Oars sein, der moat in transysje komme, foaral yn it tinken.

De eardere waarman makke de dielnimmers kjel mei wurden as kerbûstich en ûnlijich waar en wurden as eazjende stjalprein. Ek Jûkelburd en Rûchburd, as oantsjuttingen foar Kening Winter, kamen del om de dielnimmers te pleagjen.

Sjuery fan trije minsken

De sjuery bestie út dosinte Frysk Rianne Blokzijl, ûnderwiisadviseur Grietje van der Weg (Cedin) en taalkundige Hindrik Sijens (Fryske Akademy). Dy krigen by it neisjen help fan inkele  It Grut Frysk Diktee wurdt om de twa jier organisearre troch de Afûk, it Cedin, de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân. It wurdt yn ‘e regel hâlden yn de Steateseal. It diktee is werom te sjen fia de webside fan Omrop Fryslân.

Lekker slapen kleintje
Ouderavond 'Lekker slapen kleintje (0-4 jaar)' Algemeen 18 uur geleden
Wandelen in Smallingerland beperkt zich volgens Kees Mourits (Wandelnet) te veel tot verharde wegen en paden, omdat er volgens hem onvoldoende onverharde wandelpaden zijn.
Waardering én zorgen over mobiliteit in Smallingerland Algemeen 19 uur geleden
Bloemetjesmarkt Leeuwarden
Bloemetjesmarkt Leeuwarden Algemeen 19 uur geleden
Brown Sugar Baby
Cabaret, musical en een huishouden voor beginners in De Lawei Algemeen 21 uur geleden
Resolve
Progressieve metalcoreband Resolve brengt een Franse revolutie naar Iduna Algemeen 22 uur geleden
Zaterdag 11 mei as. organiseert Museum Warten i.s.m. Warten Doarp yn it Grien tijdens de Country Fair, in de boomgaard van de Oud Friese Greidboerderij de kampioenschappen stokpaard racen voor jong en oud.
Stokpaard race - jumping Warten Algemeen gisteren
Sloepvaart naar Lancaster Monument De Zwaluwhaven in Nationaal Park de Alde Feanen
Gratis sloepvaart naar Lancaster monument De Zwaluwhaven Algemeen 3 mei, 17:00
Johan Veenstra wie de earste streektaalskriuwer (Stellingwerfs) dy't - yn 2021 - de Rink van der Veldepriis krige. Links lokoboargemaster Robin Hartogh Heys van de Lier fan de gemeente Smallingerland.
Rink van der Veldepriis 2024 foar Biltske roman fan Gerard de Jong Algemeen 3 mei, 15:45
Veertien jaar Gemeente Smallingerland op film
Première Drachten Journaals Algemeen 3 mei, 15:22
Detail fan it troch in Kollumer sulversmid makke boerd mei 64 fjilden.
"Frysk damjen âlder as 'ynternasjonaal' damjen" Algemeen 3 mei, 14:03
Kwartfinale landskampioenschap zaalvoetbal
Plaatst Libertas zich bij de beste vier van Nederland? Algemeen 3 mei, 12:30
4 mei herdenking in Damwâld
4 mei herdenking Damwâld Algemeen 3 mei, 11:07
Overtuin Lycklamahuis Beetsterzwaag
Eerste parkexcursie Tropische Kas van 2024 Algemeen 3 mei, 10:03