It oanpaste plan, mei in 'natoermar' by Holwert. Op de achtergrûn de Waadsee.
It oanpaste plan, mei in 'natoermar' by Holwert. Op de achtergrûn de Waadsee. Foto: Holwerd aan Zee

FNP: “Wy litte Holwert net fersûpe”

Algemeen

Fraksjefoarsitter en wurdfierder Sijbe Knol: “Dit is sa’n grut projekt. Wy nimme hjir goed de tiid foar en geane earst yn oerlis mei ús fraksje yn Noardeast-Fryslân. Sokke grutte projekten mei sa’n lange oanrintiid feroarje no ienkear wolris, dat is gjin reden der de stekker sa hommels út te lûken.”

“In protte jild beskikber”

“Op dit stuit is der in soad jild beskikber om te ynfestearjen yn it gebiet. Dat fertsjinnet it ek”, neffens de fraksje. “De FNP wol net riskearje dat troch dit beslút it jild út it gebiet weilutsen wurdt. Holwert oan See hat al sjen litten no ek al in positive útwurking op it gebiet te hawwen, dat wolle wy net samar de nekke omdraaie”, skriuwt de fraksje.