Eerste repetitie Nij Talint Orkest groot succes.
Eerste repetitie Nij Talint Orkest groot succes. Foto: Ingezonden

Earste repetysje Nij Talint Orkest grut súkses

Algemeen

It wie folle bak ôfrûne sneon 1 oktober by de earste repetysje fan Nij Talint Orkest Tytsjerksteradiel yn De Kamp yn Sumar. 35 nije muzikanten krigen in instrumint fan de muzykferienings en spilen harren earste noaten. 

Doe’t elk lûd út bugel, trompet, sax, trombone, bariton en bas hie wie de spanning derôf. Orkestlieder Guus Pieksma hie de gong der yn en learde de entûsjaste dielnimmers samar de earste fiif noaten én ferskillende ritmes. Alles mei help fan muzikanten fan de ferienings út Tytsjerksteradiel. Dit wie de earste repetysje yn in rige fan alve dy’t de muzikanten yn jannewaris ôfslute mei in feestlik konsert.