F.l.n.r.: wethâlder Andries Bouwman, de winnaressen Sjoukje Poortinga-Tacoma en Tineke Noordenbos-Tacoma en de sjueryleden Douwkje Douma (Afûk) en Gerrit van der Meer (Actief Media).
F.l.n.r.: wethâlder Andries Bouwman, de winnaressen Sjoukje Poortinga-Tacoma en Tineke Noordenbos-Tacoma en de sjueryleden Douwkje Douma (Afûk) en Gerrit van der Meer (Actief Media). Foto: Binne-Louw Katsma

Wynser Courant winner Fryske doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel

Algemeen

De Wynser Courant is mei it artikel ‘Weissensee’ winner fan de priis foar bêste Frysktalige bydrage oan de doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel. De priis fan 500 euro wurdt om de twa jier beskikber steld.

Op 23 maaie hat wethâlder Andries Bouwman de priis útrikt yn ytkafee De Winze yn Wyns. De priis waard yn ûntfangst nommen troch twa susters: Sjoukje Poortinga-Tacoma is de skriuwster fan it winnende artikel, oer har dielname oan in tocht fan 100 kilometer reedriden op de Weissensee. Einredakteur fan de Wynser Courant Tineke Noordenbos-Tacoma hat it Frysk fan har suster goed neisjoen.

“Jimme leden fan de redaksje binne ambassadeurs fan de Fryske taal en in foarbyld foar oare redaksjes fan doarpskranten en websiden yn ús gemeente”, priizge wethâlder Bouwman de winners. De priis makket diel út fan it Frysk taalbelied fan Tytsjerksteradiel: it stimulearjen en oanmoedigjen fan it brûken fan it Frysk.

Goed nivo fan it Frysk

In saakkundige sjuery, besteande út Douwkje Douma fan de Afûk en Gerrit van der Meer fan Actief Media, hat út alle ynstjoerings it artikel oer ‘Weissensee’ fan de redaksje fan de Wynser Courant as bêste útkeazen. “It wie in ynhâldlik goed stik, it lies flot en mei in soad nocht, it nivo fan it Frysk wie goed en it wie in stik fan in behoarlike omfang”, konkludearret de sjuery.

Tsien reaksjes

De gemeente hie begjin 2022 foar de twadde kear in oprop dien foar de bêste Frysktalige bydrage dy’t yn Tytsjerksteradiel yn in doarpskrante of op in doarpswebside stien hat. De oprop smiet tsien reaksjes op, fan doarpskranten en websiden út de doarpen Aldtsjerk, Eastermar, Garyp, Jistrum, Mûnein en Readtsjerk, Ryptsjerk en Wyns. Der wie in moai ferskaat, oer bygelyks it skûtsjesilen, poddestuollen, in krystfeest en sudoku.

Ferskillen yn taalhâlding

Foarsitter Lútzen Kooistra fan Doarpsbelang Wyns-Bartlehiem wiisde op it belang fan ferskaat fan talen. “Hoe mear talen, hoe mear kulturele rykdom. Guon nije ynwenners fan Wyns en Bartlehiem begripe dat, dy geane fuort op kursus Frysk. Der binne ek ynwenners dy’t sizze dat se hjir nei 18 of 30 jier wenjen noch altyd it Frysk net fersteane! Dy meitsje harsels allinne mar belachlik!”