Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) skriuwt dit jier de tekst fan it Grut Frysk Diktee, oer it tema 'sport'.
Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) skriuwt dit jier de tekst fan it Grut Frysk Diktee, oer it tema 'sport'. Foto: Ynstjoerd

Nij Grut Frysk Diktee op 17 maaie - jo kinne al digitaal meidwaan

Algemeen

Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan Wommels fynt it in eare dat hy dit jier de tekst skriuwt foar it Grut Frysk Diktee. It tema is ‘sport’. It sil tiisdeitejûn 17 maaie yn de Steateseal fan it Provinsjehûs hâlden wurde en de folgjende dei troch Omrop Fryslân útstjoerd wurde.

Der is dit jier ek wer in Lyts Frysk Diktee, tongersdei 14 april, foar bern fan de groepen 7 en 8 fan sa’n fyftjin basisskoallen. De tekst dêrfan wurdt skreaun troch berneboekeskriuwster Martsje de Jong. Oer beide diktees kinne jo mear ynformaasje fine op de webside: https://fryskdiktee.nl

Foarseleksje út ein setten

As jo wolle, kinne jo al digitaal meidwaan oan de foarseleksje fan it Grut Frysk Diktee. Sa komme de bêste dielnimmers foar ‘t ljocht. Dy krije in útnûging om op 17 maaie mei te dwaan.

De lêste kear dat it Grut Frysk Diktee hâlden waard wie yn 2018, op it Aldehouster tsjerkhof yn Ljouwert. Dêr diene mar leafst in 200 minsken oan mei. ‘Normaal’ wurdt it diktee om de twa jier hâlden, mar it koroanafirus brocht de boel yn ‘e hobbel.

Fiif organisaasjes

It Frysk diktee wurdt organisearre troch de Afûk, de Fryske Akademy, Cedin, Omrop Fryslân, de provinsje Fryslân (dy stelt de Steateseal beskikber). Der is in sjuery dy’t op 17 maaie mei help fan Afûk-dosinten fuortdaliks nei it foarlêzen en skriuwen fan it diktee alles neisjocht en de winner(s) dêrnei sa gau mooglik bekend makket yn de Steateseal.