Slotkonsert Nij Talint Orkest Tytsjerksteradiel yn It Geahûs yn Garyp
Slotkonsert Nij Talint Orkest Tytsjerksteradiel yn It Geahûs yn Garyp Foto: Mear mei muzyk

Daverjend slotkonsert Nij Talint Orkest Tytsjerksteradiel

Algemeen

Der wie gjin plak mear oer ôfrûne sneontemiddei yn It Geahûs yn Garyp. Sa graach woe it publyk ‘harren’ muzikanten spyljen hearre op harren earste konsert.

Fansels, it wie spannend! Mar doe’t de kop der ien kear ôf wie sieten de muzikanten frijút te spyljen. It resultaat fan tsien wike meielkoar oefenje klonk as in klok. It entûsjasme spatte derôf.

It moaie is dat de measten trochsette mei dizze nije hobby. Se hawwe muzykles en ûnder de namme Orkest fan de Wâlden spylje de muzikanten ien kear yn de twa wike op sneontemoarn yn Sumar meielkoar troch, ûnder lieding fan dirigint Roelof Bakker. Minsken dy’t spylje kinne en it ek leuk fine om dat yn orkestferbân te dwaan, binne fan herte wolkom om oan te sluten. Oanmelde kin fia in berjocht nei de muzykfederaasje fan Tytsjerksteradiel: fmdt01@gmail.com.