Plezier in muziek maken bij het Nij Talint Orkest.
Plezier in muziek maken bij het Nij Talint Orkest. Foto: pdfgrafie

Soad belangstelling foar Nij Talint Orkest Tytsjerksteradiel

Algemeen

Nij Talint Orkest set sneon 1 oktober út ein mei sa’n 30 muzikanten. In prachtich orkest om mei syn allen te begjinnen oan in nije hobby. Alle instrumenten binne fertsjintwurdige, mar de altsax is it meast populêr.

In soad minsken sjogge Nij Talint Orkest as dé kâns om in instrumint leare te bespyljen. Datst dat meielkoar dochst makket it ekstra leuk.

Der is noch plak yn it orkest foar minsken dy’t in koperblaasinstrument (trompet, bugel, bariton of trombone) bespylje wolle. Muzikale erfaring is net nedich, elkenien kin meidwaan. Oanmelde kin fia nijtalintorkest@gmail.com.