Afbeelding
Foto: Actief Media

Vriendenkring Feanwâlden:
earste iepenloftspul yn 110 jier

Vriendenkring Feanwâlden spilet foar it earst yn it 110-jierrige bestean in iepenloftspu: 'Per(r)ongelok'. Dizze komeedzje is skreaun troch de Flaamske auteur Pol Anrys (fan 'Kat in de Kelder' en 'Kluchten en Kuren') en is yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra.

'Per(r)ongelok' stie al efkes op ‘e rol, mar no mei it stik ek wier foar publyk spile wurde. Dit jier net yn de ‘smûke’ seal fan Dûke Lûk, mar op de iisbaanstrjitte, pal noardlik fan it spoar yn Feanwâlden. Dat der út en troch in Arrivatrein foarby rydt, past alhiel yn it dekor!

De koroana-pandemy (1,5 meter ôfstân, maksimum oantal persoanen) wie de oanlieding foar de Vriendenkring in oare wei yn te slaan. In 'gelok by yn ûngelok' is it dat dit stik him hiel goed spylje lit as iepenloftspul. It sil treinreizgers, kuierders en fytsers al opfallen wêze, dat hjir toanielspile wurdt.

Alle belutsenen binne al moannen drok dwaande, want dizze nije wurkwize is in hiele útdaging foar elkenien. Sa is der en produksjeeteam gearstald, in bouploech hurd oan it wurk en wurdt der omraak repetearre ûnder de fertroude lieding fan Joanne Rozendal-Stenekes.

It fielt goed om te sjen hoefolle Feanwâldsters en Wâlsters har stientsje bydrage, sawol foar as efter de skermen. Koartsein: ‘foar it doarp, troch it doarp’.

Oer 'Per(r)ongelok'

In jonge bankdirekteur en syn oansteande, Frederik en Isabel, hawwe op perron 12 fan it treinstasjon rûzje oer har oansteande brulloft. Isabel is sa lulk dat sy yn in opwâling de djoere ferlovingsring oer de reling smyt. Dy bedarret op in leger lizzend part fan it stasjon, yn de folksmûle perron 13.

Dêr ûnder de spoarbrêge 'wenje' swalkers en bidlers, elk mei syn of har eigen ferhaal. As Frederik dêr om de ring siket, leart er Arie, Ronny, Rita, Vanessa en Suzy (dy't op alle dagen rint) hieltyd better kennen. Mar wa hat de ring fûn? Wa hat de ring no? En komt it noch goed tusken Isabel en Frederik? Want hy kriget in eachje op Suzy!

De data fan de fjouwer foarstellingen, begjin hieltyd 21.00 oere, syn: Freed 20 maaie, sneon 21 maaie, snein 22 maaie (reservedatum), freed 27 maaie en sneon 28 maaie.

By de kaartferkeap ûnder stipers wie it in moaie drukte fan belang. ûnderwilens is de losse kaartferkeap ek begûn, te bestellen fia de webside www.vriendenkringfeanwalden.nl . Wachtet net te lang, want ek hjir giet de kaartferkeap yn sneltreinvaart. Foar fierdere ynformaasje: sjoch op de fernijde webside, of de Facebookside Vriendenkring Feanwâlden.