De earste repetysje bûtendoar: Oskar Schindler (twadde fan links) en Amon Goeth (tredde fan links) proaste op Krakau.
De earste repetysje bûtendoar: Oskar Schindler (twadde fan links) en Amon Goeth (tredde fan links) proaste op Krakau. Foto: Actief Media

‘Schindlers List’ moatte wy no krekt ál spylje!”

Algemeen

Sy hawwe ek noch in bytsje gelok: sy spylje op it binnenterrein fan it âlde molkfabryk, noch in lyts bytsje yn de lijte fan it gebou. Dêr is tiisdei 3 maaie de ‘tryout’ en tongersdei 5 maaie de premjêre.

“De omstannichheden pasten wol in bytsje by it ferhaal”, seit haadrolspiler Jitze Grijpstra in pear dagen letter. Hy hat de rol fan Oskar Schindler, de fabryksdirekteur dy’t mear as tûzen Joaden út Krakau yn 1940-’45 it libben rêden hat.

“Kjeld docht wat tinken oan doe”

Regisseur en auteur Theo Smedes falt him by: “Wy kinne ús eins net foarstelle, hoe dreech de bewenners fan it Joadske getto yn Krakau it yn dy jierren hân hawwe. Foaral de strenge winters moatte ferskriklik west hawwe. Mar troch de kjeld fan freedtejûn komme wy in lyts bytsj..