Pier Bergsma út Hurdegaryp is foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging en redakteur fan it kwartaalblêd De Nije.
Pier Bergsma út Hurdegaryp is foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging en redakteur fan it kwartaalblêd De Nije. Foto: Actief Media

“Soargen oer stúdzje Frysk yn Grins”

Algemeen

De Ried fan de Fryske Beweging makket him grutte soargen oer de takomst fan de stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins (RUG). “De Ried stiet dan ek folslein efter de sinjalen dy’t it provinsjaal bestjoer fan Fryslân dêroer takomme litten hat oan de Letterenfakulteit yn Grins”, skriuwt De Ried yn it maartnûmer fan har nijsbrief.

“It Frysk heart as twadde rykstaal wer oanbean te wurden as in folweardige stúdzje, finânsiere troch it Ryk en de provinsje Fryslân”, mient de Ried. “Dat de stúdzje Frysk yn 2012 fierder gie as in kartrajekt (’keuzetraject’) binnen in bredere oplieding ‘Minorities and Multilingualism’ (Minderheden en Meartaligens) wie in needoplossing, om’t de stúdzje oars hielendal ferdwine soe.”

‘Folweardige posysje’

“Mar it is no tiid om it Frysk wer in folweardige posysje yn it wittenskiplik ûnderwiis te jaan”, neffens de Ried. De provinsje Fryslân moat ynspraak krije as it giet om de opfolging fan prof. dr. Goffe Jensma, dy’t dit jier mei emeritaat (mei pensjoen) giet. “De reaksje fan de Letterenfakulteit wie oant no ta op beide punten ôfwizend”, skriuwt de Ried.

De Ried folget de ûntjouwings kritysk en hat ek kontakt socht mei de Fryske studinteferiening Bernlef en de feriening Multi fan de studinten Multilingualism trajekt Frysk yn Grins. De Ried komt yn aksje, “mocht soks nedich wêze.”