Afbeelding
Foto: Actief Media

De ‘Gratama’ dit jier foar Klaasje Postma en Freark Smink

De gemeente Smallingerland hat de ‘Gratama’ – in priis op kultuer-maatskiplik gebiet yn Fryslân – tiisdeitejûn 15 maart 2022 útrikt oan de akteurs (en auteurs en echtpear) Freark Smink en Klaasje Postma, foar harren folsleine teaterwurk oant no ta.

It is foar it earst dat der priis oan twa minsken tagelyk útrikt is. Dit komt omdat Smink en Postma in soad teaterwurk tegearre dien hawwe. De priis is tiisdei yn de Lawei yn Drachten oerlange nei ôfrin fan de foarstelling ‘Wat soesto!’, skreaun troch Smink en spile troch him en Klaasje Postma tegearre, ûnder rezjy fan in eardere winner fan ‘de Gratama’: Jos Thie.

De priis bestiet út in byldsje makke troch keunstner Jan Ketelaar út Drachten en in jildbedrach fan 2.500 euro. De sjuery bestie dit kear út kultuerwethâlder Robin Harthogh Heys van de Lier fan Smellingerlân, direkteur Stef Avezaat fan skouboarch De Lawei yn Drachten en Carla Gratama-van der Heijde, widdo fan kabaretier Rients Gratama, nei wa’t de priis neamd is.

Klaasje Postma (Grou, 10 febrewaris 1946) en Freark Smink (Sondel, 28 maart 1948) hawwe in lange toanielloopbaan, dy’t ek noch net dien is. Sy spilen mei yn klassike stikken fan Ibsen, Tsjechov en Shakespeare, hiene telefyzje- en filmrollen en spilen in soad ‘eigen’, Frysktalige stikken as duo yn lytse en gruttere téaters yn Fryslân.

Op it stuit binne sy warber mei ‘Wat soesto’. Dit stik is skreaun troch Smink sels, ûnder oare op grûn fan eigen ûnderfinings as boeresoan, oer it wjerfarren fan eardere en hjoeddeistige boeren. Postma spilet yn dit stik de demintearjende mem fan Smink.

Smink berikte in soad bern mei it skoaltelefyzjeprogramma Sybe Satellyt en Postma skreau en spile ‘Rolling Home’ mear as 150 kear, ynklusyf foarstellingen yn Kanada. De sjuery fynt dat beide akteurs en auteurs in oeuvrepriis fertsjinje, dat is dus de ‘Gratama’.

De meast Hollânsktalige sjuery skriuwt oer harren: “Twee mensen die op het toneel de dagelijkse dingen zodanig inkleuren, dat je als publiek een beetje rijker naar huis gaat.” De eardere winners wiene: Rients Gratama (1997), Jos Thie, Peter Tuinman, Jan de Haan, Rutger Hauer, Grietine Molenbuur, Klaas van der Woude en Jan Ketelaar.