FNP-riedslid en nûmer 2 op de kandidatelist by de riedsferkiezings fan heal maart 2022 foar syn partij yn Achtkarspelen.
FNP-riedslid en nûmer 2 op de kandidatelist by de riedsferkiezings fan heal maart 2022 foar syn partij yn Achtkarspelen. Foto: Ynstjoerd

FNP Achtkarspelen: “Biedt help oan Oekraïnske flechtlingen”

De gemeente Achtkarspelen mei net fuortsjen as it giet om it bieden fan help oan flechtlingen út Achtkarspelen. Dat is it boadskip fan de FNP-fraksje, dy’t tongersdei 3 maart hjiroer in moasje yntsjinnet yn de riedsfergadering.

De FNP-fraksje fynt “dat je dwaan moatte wat yn je mooglikheden leit.” De bylden fan de lêste dagen “geane je troch de siel. Wrâldpolityk en de gekte fan ien man meitsje de gewoane boarger wer it slachtoffer”, neffens FNP-riedslid Tjibbe Brinkman.

De fraksje ropt de gemeente Achtkarspelen op “romhertich” te wêzen as der in fraach komt om humanitêre help, lykas de opfang fan Oekraïnske flechtelingen.

Ferskate oare FNP-ôfdielings sille dizze in soartgelikense moasje yn harren gemeenten yntsjinje, neffens Brinkman. Hy seit it sa: “In diktator kinne wy as gemeente net feroarje, mar wy kinne wol help jaan oan de flechtlingen”. De fraksje heakket der oan ta: “Wy hoopje dat hiel Fryslân en Nederlân ús foarbyld folget.”