Arno Brok spruts yn novimber 2021 ek oer it Frysk, yn de Steateseal, nei oanlieding fan de útjefte fan in fernijd boek oer Kneppelfreed en it Frysk fan Peter Boomsma, mei ûnder oare in bydrage fan Brok.
Arno Brok spruts yn novimber 2021 ek oer it Frysk, yn de Steateseal, nei oanlieding fan de útjefte fan in fernijd boek oer Kneppelfreed en it Frysk fan Peter Boomsma, mei ûnder oare in bydrage fan Brok. Foto: Actief Media

Arno Brok sprekt by 65-jierrige Fryske Krite ‘Dr. G.A. Wumkes’ yn Burgum

De Kommissaris fan de Kening yn Fryslân, drs. Arno Brok, sil sprekke oer ‘It Frysk yn de polityk en it maatskiplik libben’. Hy docht dit fanwege it 65-jierrich jublieum fan de Fryske Krite ‘Dr. G.A. Wumkes’ yn Burgum, tongersdeitejûn 3 maart yn de Krústsjerke.

Kommissaris Brok hat rjocht fan sprekken as it giet om it opkommen foar Fryslân en de Fryske taal. As net-Fries fan orizjine hat er Fryslân yn syn hert sletten en sûnder mis hawwe de Friezen dat ek dien mei him. Hy is in man mei in misje: hy wol graach minsken en ideeën byinoar bringe en wit dat men om dat te berikken de minsken yn it hert reitsje moat. It behâlden en brûken fan jins eigen taal is dêr in treflik foarbyld fan, is de fisy fan siktaris Pier Boonstra fan de Burgumer Fryske Krite.

“Wy ferwachtsje dat hy ús ynspirearje sil om it Frysk te hoedzjen en te noedzjen en binne der wis fan dat ús jubileumjûn troch him in glâns kriget, dêr’t noch lang oer praat wurde sil. It gemeentebestjoer fan Tytsjerksteradiel sil op dizze jûn ek koart ‘acte de presence’ jaan en fierder kriget elkenien dy’t dat wol de kâns om mei de Kommissaris en it bestjoer fan de Fryske Krite yn petear te gean oer it belang fan it Frysk en de Fryske kultuer”, skriuwt Boonstra.

Wolle jo dizze jûn bywenje, dan kinne jo jo foar 1 maart 2022 opjaan troch it stjoeren fan in mailtsje nei fryskekriteburgum@gmail.com of troch te beljen mei de sekretaris fan de krite: 06 51 10 41 73. Plak: Krústsjerke, Nijstêd 5, Burgum Begjintiid: 20.00 oere, ynrin fan 19.30 ôf. De byienkomst is foar elk frij en fergees tagonklik.