Aant Jelle Soepboer is keazen ta listlûker fan de FNP yn Noardeast-Fryslân.
Aant Jelle Soepboer is keazen ta listlûker fan de FNP yn Noardeast-Fryslân. Foto: Ingezonden

FNP Noardeast-Fryslân: program yn trije talen en Soepboer listlûker

Algemeen

De FNP yn Noardeast-Fryslân publisearret dizze wike it ferkiezingsprogramma foar de riedsferkiezings fan 16 maart 2022 yn trije talen: Frysk, Nederlânsk en Dokkumers. Sittend riedslid Aant Jelle Soepboer is keazen ta listlûker, Bert Koonstra is kandidaat-wethâlder.

“Woansdei 8 desimber om 15:15 oerlangje wy it earste eksimplaar fan ús Stadsfrise ferkiezingsprogramma, dat folslein yn it Dokkumers is, oan de histoaryske feriening Dokkum”, skriuwt de FNP fan Noardeast-Fryslân.

.”As partij fine wij meartaligens tige wichtich en dêr hearre neffens ús ek de streekeigen dialekten by. Wy wolle it Dokkumers graach fierder helpe en om it goeie foarbyld te jaan, ha wy ús programma yn trije talen makke. Stads, Nederlânsk en fansels ek yn it Frysk”, skriuwt de FNP-ôfdieling.

De oerhanniging fan it FNP-ferkiezingsprogramma ‘THÚS’ sil barre oan board fan de Noarderling, it Dokummer museumskûtsje dat oan de Helling leit. Dit bart yn it bywêzen fan de (FNP-)wethâlder fan kultuer dy’t ek Frysk yn portefúlje hat.

Aant Jelle Soepboer listlûker

“De kûgel is troch de tsjerke. It siet der fansels oan te kommen, mar der moast noch al efkes in definitive klap op fan de leden. Op de digtale ledegearkomste fan de FNP Noardeast-Fryslân op 26 novimber binne de listadvyskommisje en it bestjoer fan de ôfdieling unanym yn harren foardracht: Aant Jelle Soepboer wurdt de nije listlûker foar de gemeenteriedsferkiezings fan maart 2022.” Sa ferklearre Lolke Folkertsma, foarsitter fan de listadvyskommisje fan de FNP Noardeast-Fryslân.

Mei de bonken yn de klaai

Soepboer sleat him krekt foar de foarige ferkiezings oan by de Fryske Nasjonale Partij en kaam mei in grut tal foarkarstimmen yn de ried. Hy hie doe in dúdlike misje: de fersierde weinen it libben rêde. “Dat is slagge. No goed trije jier letter ha ik de smaak te pakken, ha ik myn misje ferromme en wol ik nij elan bringe yn de partij en yn de lokale polityk. De Haach jout optheden net in hiel bêst foarbyld, minsken binne der klear mei, en terjochte! Dat kin en moat oars, de polityk hat ferlet fan échte minsken, mei de bonken yn de klaai, dy’t it plattelânsgefoel kinne en witte wat der spilet yn de regio” seit Soepboer.

Koonstra kandidaat-wethâlder 

Sittend fraksjefoarsitter Bert Koonstra komt dêrmei, ek om it dualisme syn gerak te jaan, op plak twa. Koonstra is de beëage wethâlderskandidaat. As amtner op it sosjaal domein fan Smellingerlân en mei ûnderfining as ûndernimmer en riedslid is hy de oanwiisde persoan om mooglikerwiis Pytsje de Graaf en Fedde Breeuwsma op te folgjen as wethâlder foar de FNP yn Noardeast-Fryslân”, diele de FNP-ers mei.

‘Huzarenstukje’

Ek de rest fan de list is in ‘huzarenstukje’ neffens Lolke Folkertsma. “By it gearstallen fan de list ha wy sjoen nei ekspertize en geografyske sprieding. By de ‘listlûker + tsien’ binne seis nije gesichten.” Hjir de list fan 1 oant en mei 11: 1. Aant Jelle Soepboer (Nijewier); 2. Bert Koonstra (Sweagerbosk); 3. Hanneke Jouta (Ferwert); 4. Anton Buwalda (Dokkum); 5. Femke Meindertsma (Holwert); 6. Johan Dirk van der Schaaf (Kollum); 7. Jaap Postema (Dokkum); 8. Bouwina van Dellen (Eanjum); 9. Jitze Andringa (Ealsum); 10. Fedde Breeuwsma (Dokkum); 11. Pieter van der Bij (Hantum).