Johannes Keekstra in zijn kantoortje in Lytse Geast. In Foudgum is vrijdag de boekpresentatie, maar ook muziek én een voorproefje van het theaterstuk, dat daar in mei 2022 te zien is.
Johannes Keekstra in zijn kantoortje in Lytse Geast. In Foudgum is vrijdag de boekpresentatie, maar ook muziek én een voorproefje van het theaterstuk, dat daar in mei 2022 te zien is. Foto: Actief Media

Hoe Piet Paaltjens terugkeert in Foudgum

De dichter Piet Paaltjens, in werkelijkheid François HaverSchmidt, keert vrijdag 12 november 2021 als het ware terug in Foudgum. Dat is te danken aan Johannes Keekstra, die opgroeide in Bornwird en in zijn kinderjaren in hetzelfde kerkje zat als waar HaverSchmidt preekte.

Daar stond de dominee-dichter in de negentiende eeuw enige tijd. Het was een cultuurschok: van de Leidse studentenstad via een kamertje bij z'n zus in Leeuwarden naar de stille en - in zijn ogen - aartsconservatieve dorpjes Foudgum en Raard.
"Mar HaverSchmidt - mei haadletter S, dêr stelde hy persoanlik priis op - koe eins nergens mear goed aardzje, nei syn studintetiid", ontdekte Keekstra. "Dat Piet Paaltjens en HaverSchmidt ien en deselde persoan wienen, ûntduts ik pas doe't ik Nederlânsk studearre."

Na diverse andere activiteiten heeft het geleid tot het boek: 'Onder Frieslands grauwe hemel'. "Dy titel is in sitaat út in brief fan HaverSchmidt oan in freon, doe't er by syn suster yn Ljouwert in keamer hie. Dat wie nei syn stúdzje yn Leiden. Hy wie doe dus yn Ljouwert ek net lokkich."
Het is een mooi boek geworden, met veel foto's en vlot geschreven "foar in breed publyk", vindt Keekstra. "Mar ik haw it boek noch net yn hannen hân" vertelde hij zaterdag aan Actief. "It leit no noch yn in ridende frachtwein", zei Keekstra, "yn in oplage fan tûzen eksimplaren."

Met Louw Dijkstra van uitgeverij Wijdemeer werd hij het snel eens over het idee en het concept voor het boek. "Mei in soad foto's en moai foarmjûn. It moast ek net allinne gean oer HaverSchmidt yn Foudgum, mar ek oer it no en de takomst fan de regio", beklemtoont Keekstra.
Hij was eerst niet van plan dit boek te schrijven. "Ik woe in teaterstik meitsje, lykas ik dien haw oer Slauerhoff. Beide dichters binne berne oan de Voorstreek yn Ljouwert en hearre ta de bekendste dichters fan ús lân. En beide hawwe de mankelikens (melancholie; red.) as toan en tema yn harren wurk."

"Elkenien is wolkom"

Vrijdagmiddag 12 november vanaf twee uur is in het kerkje van Foudgum de presentatie van het boek. "Der binne minsken útnûge, fansels. Fierder is elkenien wolkom dy't der by wêze wol. Mar fol is fol! It is mar in lytse tsjerke. Dus kom wol op tiid."