Wethâlder Pytsje de Graaf rikt de earste eksimplaren út fan in Frysktalich berneboek.
Wethâlder Pytsje de Graaf rikt de earste eksimplaren út fan in Frysktalich berneboek. Argyffoto: Klasina van der Werf

Pytsje de Graaf nimt echt ôfskie as bestjoerder

Algemeen

Ald-wethâlder Pytsje de Graaf-van der Meer (FNP) nimt offisjeel ôfskie as bestjoerder fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Dat docht sy freedtemiddei 29 oktober, middeis fan 15:30 oant 18:30 oere yn Holwert.

“Each foar minsken, belutsen by de Mienskip, Frysk én trochpakke. Sa kenne we Pytsje!” skriuwe b. en w. fan Noardeast-Fryslân yn de útnûging.

Frou De Graaf wie wethâlder foar de gemeente Dongeradeel fan july 2011 oant desimber 2018. Dêrnei foar Noardeast-Fryslân nei it ûntstean fan de gemeente op 1 jannewaris 2019. Op 28 july 2021 is se ophâlden as wethâlder. Har opfolger is Fedde Breeuwsma.

“Pytsje wie in belutsen en werkenber bestjoerder dy’t ticht by de minsken stie”, neffens b. en w. fan Noardeast-Fryslân. 

It ôfskie wurdt oanbean troch b. en w., yn MFA De Ynset, De Morgenzon 7 yn Holwert. Omdat it wolris druk wurde kin, wurde fan alle útnûge organisaasjes heechút twa persoanen de organisaasje ferwachte. De minsken dy’t komme wolle, moatte in korona-tagongsbewiis sjen litte kinne.