De frou mei de sinnebril seit dat sy 'ferwekt' is op de pleats 'Cuba' yn de Twadde Wrâldoarloch.
De frou mei de sinnebril seit dat sy 'ferwekt' is op de pleats 'Cuba' yn de Twadde Wrâldoarloch. Foto: Actief Media

In fartocht mei ferrassingen troch de Alde Feanen

Algemeen

Troch Gerrit van der Meer

Mei-organisator Anne Heegstra út Warten sei yn ’t foar dat der foar de dielnimmers fan sneintemoarn tsien oere boppedat in ‘bysûndere ferrassing’ wêze soe. Dus fytste in Actief-ferslachjouwer sneintemoarn nei Warten.

De (eardere) pleatsen yn De Alde Feanen hawwe bysûndere nammen: ‘Luctor et Emergo’ (dêr’t De Groot as bern sels wenne hat), ‘Cuba’, ’18 Mêd’, de ‘Koaipleats’ en ‘it spultsje fan Sytze en Maaike’.

Dreech libben

Yn it boek fan De Groot spylje net allinne de neamde pleatsen in wichtige rol, mar foaral de bewenners fan dy pleatsen. Harren libben wie soms dreech, want se koene allinne oer wetter (of iis) nei de omlizzende doarpen: Warten, Wergea, Earnewâld en Grou. Skoalbern moasten dêrom seis dagen wyks ein..