De earste seis op de FNP-list fan Tytsjerksteradiel. F.l.n.r.: Nynke Hinke Rintjema, Alex Nijboer, Jan Pieter van der Velde, Freddy de Haan, Tjikke Krijgsman en Emmie Soepoer.
De earste seis op de FNP-list fan Tytsjerksteradiel. F.l.n.r.: Nynke Hinke Rintjema, Alex Nijboer, Jan Pieter van der Velde, Freddy de Haan, Tjikke Krijgsman en Emmie Soepoer. Foto: Ynstjoerd (Peter de Jong)

FNP Tytsjerksteradiel hat list en program klear

Algemeen

De FNP yn Tytsjerksteradiel hat de kandidatelist én it ferkiezingsprogram foar de riedsferkiezings fan 16 maart 2021 definityf fêststeld. De ledegearkomste hat hjoeddeistich fraksjefoarsitter Freddy de Haan (opfolger fan Piet Reitsma) keazen as listlûker. By de earste seis kandidaten sitte noch trije oare ‘sittende’ riedsleden.

De leden hiene begjin desimber in algemiene ledegearkomste yn It Maskelyn yn Hurdegaryp om de kandidatelist en it ferkiezingsprogram fêst te stellen. Koartlyn binne de earste seis kandidaten op ‘e foto setten.

“Maklik tagonklik”

“Freddy de Haan is al acht jier in entûsjast riedslid dy’t midden yn ’e mienskip stiet en maklik tagonklik is foar alle ynwenners fan ús gemeente. De leden fan de FNP hawwe alle betrouwen yn Freddy as listlûker foar in kampanje mei in soad sukses by de kommende ferkiezingen”, skriuwt it bestjoer yn in parseberjocht oer de útkomst fan de gearkomste.

“Grutsk op hiele list”

“De ôfdieling is ek grutsk op de hiele kandidatelist mei in goede ferdieling oer alle doarpen. De hjoeddeistige riedsleden steane heech op ’e list en hawwe in soad ûnderfining yn it riedswurk en litte wiere maatskiplike belutsenens sjen”, neffens it bestjoer.

Trije manlju, trije froulju

De kandidaten 2 oant en mei 4 binne ek sittende riedsleden: 2. Tjitte R. Krijgsman-Sikkema (Gytsjerk); 3. Jan Pieter van der Velde (Ryptsjerk); 4. Alex Nijboer (Sumarreheide); 5. Emmie Soepboer (Burgum) en 6. Nynke H. Rintjema (Burgum). Fan de yn totaal 23 kandidaten binne 14 man en njoggen frou.