Bareld de Vries yn 2018 yn Raerd, dielnimmers fan de SUP-alvestêdetocht oanmoedigjend.
Bareld de Vries yn 2018 yn Raerd, dielnimmers fan de SUP-alvestêdetocht oanmoedigjend. Foto: Ingezonden

Soasjalist en strider foar it Frysk Bareld de Vries ferstoarn

Algemeen

Ald-PvdA-steatelid Bareld de Vries (87) is tiisdei 5 oktober 2021 ferstoarn. Hy wie warber yn it ûnderwiis, strider foar it Frysk en foar de PvdA. “Demokratysk soasjalist” neamde er himsels.

De Vries waard berne op in pleats oan de Alde Miede by Suwâld, gie yn Burgum nei skoalle en waard ûnderwizer, ûnder oare yn Burgum, Drachten, Bitgum, Grou en Surhústerfean.

Hy wie fûleinich strider foar it iepenbier ûnderwiis, mar ek foar it Frysk en foar de sport. Hy wie PvdA-steatelid fan 1987 oant 1999.  Syn opfallend lûde stim en drokke wize fan praten sil grif by in soad minsken yn ‘t ûnthâld bliuwe. Hy sette him fûleinich yn foar it Frysk, sawol yn it ûnderwiis as ek dêrbûten.

Yn it doarp Grou waard De Vries ‘in echte Grouster’. Hy sette him dêr net allinne yn foar it ûnderwiis, mar ek foar de sport en foar de VVV.

De Vries troude mei Janna Pietersma, dy’t yn 2014 ferstoar. Hy wenne de lêste jierren yn Raerd by syn dochter Jannewietske de Vries, âld-deputearre en tsjintwurdich boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân, en har freon Henk Deinum.

It ôfskied wie ôfrûne sneon, 9 oktober. Freonen en famylje koene delkomme.