Afbeelding
Foto:

‘Earnewâld en omkriten – foarhinne en hjoed de dei’

Ald-Earnewâldster Arend Toering hat in grut part fan syn ferhalen oer Earnewâld – de measte dêrfan sûnt 2002 publisearre yn de doarpskrante ‘De Luzefeier’ – bondele yn it boek: ‘Earnewâld en omkriten – foarhinne en hjoed de dei’.

It hat histoarysk oandwaand omslach krigen, mei in foto fan artistyk fotografe Maartje Roos, dat in stikje fan it (soms drege) libben fan de bewenners en fan it doarpsbyld fan Earnewâld sjen lit.

Foaropwurd en fyftich ferhalen

Yn it 'Wurd foarôf' skriuwt Toering ûnder oare: “De ferhalen hawwe faak te meitsjen mei it ferline fan Earnewâld en omkriten. It wurdt hast tiid om dermei op te hâlden en dêrom wol ik in oantal ferhalen yn in bondel útbringe. Ik begjin mei de omslachfoto fan de artistike fotografe Maartje Roos. It is eigentlik in skildereftich keunstwurk fan Earnewâld foarhinne.

In pear siden fierder is de hiele artistike foto printe oer twa siden. Dêrnei komme de fyftich ferhalen, dy't yn 'e rin fan de tiid hast allegear yn ‘De Luzefeier’ stien hawwe.

Sa no en dan ha ik wat skrast of in oanfolling dien om ferbining te krijen mei hjoed de dei.”

“It wie swier bodzjen”

“Earnewâld hat in rike histoarje,. It wie swier bodzjen yn it fean en de fiskers en skippers hienen it dreech yn waar en wyn om brea op 'e planke te krijen.”

De ferhalen binne opdield yn de folgjende ûnderwerpen: Algemien,, Tsjerke- en skoalskiednis, Fiskers en skippers, Nammekunde, Rymstikken, Besettingstiid en Bysûndere ferhalen.

Toering hat gebrûk makke fan besteande literatuer en fan ‘Earnewâld, fan doe nei no’. Ek hat it argyf fan de Ljouwerter krante fan grut belang west.

Moaie foto’s

“Mei help fan oaren haw ik besocht om by de ferhalen moaie foto's te setten om it gehiel wat op te fleurjen. Der stiet in grut oantal foto's yn fan bekende fotografen, ynklusyf in pear skilderijfoto's fan Klaas en Gosse Koopmans. Benammen Rikele Hollema en Jaap van der Wal hawwe in wichtige stipe west”, skriuwt Toering.

De priis is € 19,50. It boek is te keap sûnt 1 july 2021 fia it Toeristeburo Earnewâld, de Selsbetsjinningswinkel fan Hindrik en Anje Wester (ek yn Earnewâld) en faaks ek fia it Besikerssintrum fan It Fryske Gea.