Rottefalle brûst is dit jier op saterdei 12 septimber, mar Omrop Fryslân komt freed 16 july al yn dit doarp. Op de foto Polyphonia yn it Werflân.
Rottefalle brûst is dit jier op saterdei 12 septimber, mar Omrop Fryslân komt freed 16 july al yn dit doarp. Op de foto Polyphonia yn it Werflân. Foto: Actief Media

Omrop Fryslân komt 16 july yn De Rottefalle

Omrop Fryslân makket dizze simmer yn ferskate doarpen en stêden wer radio- en tv-opnames foar it programma ‘Simmer yn Fryslân’. Oerdei strúnt in ploech ferslachjouwers en kameraminsken troch in doarp of wenwyk yn in stêd, jûns binne de tv-opnamen al op televysje te sjen.

Op freed 16 july sil Omrop Fryslân op dizze wize in portret meitsje fan it doarp De Rottefalle. Saterdei 12 septimber wurdt op ‘e nij ‘Rottefalle brûst’ hâlden. No like it dy kommisje wol aardich as Omrop Fryslân dêr wat oandacht oan besteege soe.

Mar Omrop Fryslân betocht it oars.Sy komme nei Rottefalle om it hiele doarp op ‘e kaart te setten, op freed 16 july 2021. Dat betsjut dat der in radio- en in kameraploech yn it doarp omrinne en dat sy opnamen meitsje, En fansels graach mei allerhanne ynwenners in praatsje meitsje wolle.

Der is wol in soarte fan draaiboek, mar der is ek romte foar spontaniteit. Dus freedtemoarn 16 july fan in oere as acht moarns ôf hearre jo al ‘flitsen út Rottefalle’ en jûns sjogge jo in portret fan dit doarp yn it tv-programma ‘Simmer yn Fryslân’.