De slagge learkrêften dy't tiid hiene om efkes op 'e foto te kommen. Rjochts adviseur Aant Jelle Soepboer, ferbûn oan Cedin yn Drachten.
De slagge learkrêften dy't tiid hiene om efkes op 'e foto te kommen. Rjochts adviseur Aant Jelle Soepboer, ferbûn oan Cedin yn Drachten. Foto: Ynstjoerd

Dosinten krije hânfetten
foar it Frysk yn nije kursus

De earste 45 kursisten ‘Klasse Frysk’ hawwe harren sertifikaat ‘WOW Frysk’ yn ûntfangst nommen. De kursus is bedoeld foar learkrêften yn it basisûnderwiis en dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis en wurdt oanbean troch NHL Stenden en Cedin.

Oan de earste -digitale - edysje hawwe goed 50 minsken út it ûnderwiis, dosinten fan beukerskoallen oant en mei de hegeskoalle, meidien.

Stipe fan provinsje

Klasse Frysk is in opstapkursus foar dosinten Frysk dy’t harren foech Frysk helje wolle. Yn acht lessen wurde ynspirearjende en praktyske hânfetten jûn om Fryske lessen foarm te jaan en yn te spyljen op ûnderdielen as berne- en jongereinliteratuer, Fryske skiednis en taalsosjology. De provinsje Fryslân stipet de kursus dy’t oanslút by de provinsjale ambysjes fan Taalplan Frysk 2030.

Mei dat Taalplan wol de provinsje alle bern yn Fryslân in kâns biede om de Fryske taal te learen. Dêrom moat uterlik yn 2030 it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde.

Trochgeande learline

De provinsje set yn op in trochgeande learline fan pjut oant en mei promovendus. Om dizze doelen te heljen binne goed oplate dosinten, mei in foech Frysk, tige wichtich, omdat sy de ambysjes yn it ûnderwiis realisearje moatte, fansels mei de learlingen.

Te brûken as opstap

Klasse Frysk biedt de mooglikheid om mei fjouwer ekstra lessen it foech Frysk foar it basisûnderwiis te heljen. Nei de earste kursus hawwe tweintich learkrêften dêr gebrûk fan makke. Dosinten Frysk fuortset ûnderwiis kinne Klasse Frysk brûke as opstap nei it foech Frysk oan de twaddegraads learare-oplieding.

Foarearst folboekt

De kursus is foar it nije skoaljier al folboekt, mar de ynskriuwing foar 2022 stiet al iepen en ek dêrfoar rint it stoarm, neffens adviseur Aant Jelle Soepboer fan ûnderwiisadvysburo Cedin. Hy stiet op ‘e foto hielendal rjochts. De foto is makke mei dy learkrêften dy’t dêrfoar yn de gelegenheid wiene.