Afbeelding
Foto: Omrop Fryslân

Nije programma's Omrop Fryslân radio

Folslein nije en diels fernijde programma’s, oanpaste tiden en oare presintatoaren op oare mominten: Omrop Fryslân komt oer in goeie twa wiken, op moandei 31 maaie, mei in nije radioprogrammearring. Ferbreedzje en ferdjipje en noch mear as no de ferbining sykje, dat is it doel.

It populêre moarnsprogramma Fryslân fan ‘e moarn duorret tenei in healoere langer en giet dêrmei troch oant healwei tsienen. Hielendal nij is it programma dat dêrnei folget fan 9.30 oant 12.00 oere: No derfoar!, presintearre troch Harm Weistra. In fêste wearde by Omrop Fryslân op de radio is en bliuwt it nijs en it waar tusken de middei, yn No yn Fryslân, mei Tiete Sijens en Simone Scheffer. It programma dat dêrop folget is wol wer nij: Goeiemiddei, mei Diana de Groot en Johan Terpstra. Ta beslút fan de middei is der Underweis, ôfwikseljend presintearre troch Eric Ennema en Jan Dirk de Haan. Lês mear oer de nije programmearring op ús webside www.omropfryslan.nl