Dichter Geart Tigchelaar praat ek mei de hannen.
Dichter Geart Tigchelaar praat ek mei de hannen. Foto: Ydwine Scarse

FERSpraat: praat mei oer gedichten

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân Geart Tigchelaar siket twa minsken om mei him ien kear yn ’e moanne in gedicht te lêzen en it der dan koart oer te hawwen. It kin sawol in Nederlânsk- as in Frysktalich gedicht wêze.

De bedoeling is om alle kearen in koart petearke te hawwen oer it oanbelangjende fers: posityf, negatyf, filosofysk, taalkundich.... Alles is stof ta FERSpraat! Tigchelaar makket sels de opnames. De opnames binne yn Streekargyf Noardeast-Fryslân en wurde útstjoerd troch RTV NOF yn it programma Weekend Nieuwsshow. Minsken út 'e gemeente Noardeast-Fryslân kinne harren opjaan fia Tigchelaar syn mailadres: gearttigchel@hotmail.com. Geart Tigchelaar is fan 2021 oant 2023 Streekdichter fan Noardeast-Fryslân. Hy skriuwt yn dy funksje net allinnich gedichten, mar wol teffens besykje poëzy troch ûnderskate projekten (mear) ûnder de oandacht te bringen.