'MOSKEN' wint Liet 2020+1, yn Neushoorn yn Ljouwert.
'MOSKEN' wint Liet 2020+1, yn Neushoorn yn Ljouwert. Foto: Ingezonden

MOSKEN winner fan LIET 2020+1

MOSKEN hat it Frysktalige sjongfestival Liet wûn. Fan de acht finalisten krige de band fan Bert Steeman, Sjoerd van Kammen en Ronald van den Oudenalder de measte punten fan de faksjuery. It nûmer wêrmei’t MOSKEN de finale wûn is ‘Leave Lieve’. “It is aktueel”, sei Van Kammen. “It giet oer bern en âlders en weromkomme nei in drege perioade by heit en mem thús.”

Op it twadde plak einige Douwe Dykstra mei ‘Wêr’t ik begjin en do stoppest’, tredde waard Sample Text mei ‘Underfining’. De tekstpriis foar de bêste Frysktalige tekst gie ek nei Sample Text mei ‘Underfining’. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje. “De tekst sit goed ynelkoar, oarspronklik, kreatyf en mei humor”, stiet yn it sjueryrapport. Kultuerdeputearre Sietske Poepjes rikte de priis digitaal út.

De finale fan Liet yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn – dit jier sûnder publyk, mar sneontejûn wol streekrjocht te sjen op Omrop Fryslân-tv – sette út ein mei in spektakulêre iepeningsact fan Janneke Warringa. Al sjongende rûn se fan de yngong fan Neushoorn de grutte seal yn. Har nûmer ‘Sjong dan’ wie it muzikale motto fan de jûn.

Njonken de acht finalisten wienen der optredens fan trije bysûndere crossover-duo's, dy't haren nagelnije komposysjes foar it earst útfierden. Dy duo's bestienen út: Iris Kroes & Wander Kars, ZEA &DINA en Huub Prins & Bobby Choco.