Roel Falkena (blauwe jas mei reade kraach) neist Johannes Kramer en dêrneist siktaris Tsjitske Meesters fan stichting Slach by Warns, by de betinking yn 2018.
Roel Falkena (blauwe jas mei reade kraach) neist Johannes Kramer en dêrneist siktaris Tsjitske Meesters fan stichting Slach by Warns, by de betinking yn 2018. Foto: Ingezonden

FNP-er Roel Falkena (84) ferstoarn

Ald-steatelid en âd-riedslid yn Opsterlân Roel Falkena (FNP) is sneon 20 febrewaris 2021 yn syn wenplak Beetstersweach ferstoarn, op 84-jierrige leeftiid. Falkena wie steatelid fan desimber 1998 oant april 1999 en dêrnei noch fiif jier riedslid yn Opsterlân.

Hy festige him nei syn stúdzje yn Uterrt en de militêre tsjinst yn 1962 as feedokter yn Beetstersweach. Dy praktyk hat er hân oant 1999. Neist syn wurk wie er warber foar de Fryske Nasjonale Partij. De ôfdieling yn Opsterlân hie er mei oprjochte.

Falkena wie ek mei-oprjochter fan de ‘Europeeske Frije Alliânsje’, een bondeling fan regionale partijen yn Europa. Boppedat hat er seis jier foarsitter west fan fan toanielstifting Tryater en wie er tsien jier foarsitter fan de Stichting Slach by Warns. Ek dêrnei bleau er belutsen by de jierlikse betinking op de lêste sneon fan septimber. Yn 2018 hat er noch in oarkunde oerlange oan doetiidske FNP-deputearre Johannes Kramer. It boadskip wie dat ‘de mienskip’ nea fergetten wurde mei. Sjoch ek: https://www.itnijs.frl/2018/10/warnsbetinking-2018-sunder-mienskip-gjin-takomst/

Tongersdei 25 febrewaris 2021 is it ôfskied. Om 15.00 oere hinne wurdt Falkena mei hynders fanút Beetstersweach nei it hôf yn Olterterp brocht. Minsken dy’t ôfskied nimme wolle, kinne dat dwaan troch harren op te stellen yn de Haadstrjitte yn Beetstersweach.