Tim Douwsma is ien fan de Friezen dy't meiwurket oan de kampanje #DêromFrysk.
Tim Douwsma is ien fan de Friezen dy't meiwurket oan de kampanje #DêromFrysk. Foto: Ingezonden

#DêromFrysk as eksamenfak

LJOUWERT – Mei de nije kampanje #DêromFrysk wurdt in nije wei ymslein om learlingen fan it fuortset ûnderwiis te ynspirearjen foar Frysk as eksamenfak. It is in mienskiplike kampanje fan de Afûk, SJB Media en Omrop Fryslân.

Doel is om sjen te litten dat (ek) bekende Friezen harren ynsette foar it Frysk. De learlingen kinne mei dizze Friezen yn kontakt komme, bygelyks mei help fan Google Assistent en YouTube.

It is in unyk konsept, neffens makker en produsint Sipke Jan Bousema: “Om de jongerein te berikken hawwe wy socht nei nije en unike tapassingen. Mei Google Assistant en YouTube is it ús slagge in kombinaasje te finen dy’t noch nea earder brûkt is en dêr’t jongerein it idee by hat echt te beljen mei bekende Friezen. Dy tapassing hat al hilaryske mominten sjen litten, want do hast it gefoel as giet de telefoan écht oer!”

It Frysk ûnder de oandacht bringe by de doelgroep is wichtich, neffens projektkoördinator ûnderwiis Lisa Boersma fan de Afûk: “Prosintueel is de groep learlingen dy’t eksamen Frysk docht net grut. Troch harren bewust te meitsjen fan de foardielen fan it Frysk, yn kombinaasje mei kânsen foar de takomst, wolle wy mei dizze kampanje tawurkje nei in gruttere groep eksamenkandidaten.”

De kampanje rjochtet him ek op skoallen en learkrêften. "It is nammentlik noch mar op trettjin prosint fan de skoallen yn Fryslân mooglik om Frysk as eksamenfak te kiezen.” Fia de filmkes dy't de Fryske ‘influencers' sels pleatsten, waarden learlingen stimulearre de fraach ‘Hey Google, praat met een bekende Fries?' te stellen.