Openluchtspel Metslawier gaat niet door

METSLAWIER - Het bestuur van Stichting Iepenloftspul Mitselwier heeft de stekker uit het openluchtspelproject 'Riemck fan Ropta' getrokken. De beperkingen van anderhalve afstand houden maken het spelen van het stuk niet goed mogelijk. De organisatie hoopt op betere tijden.

"De beheinings foar oardel meter binne der noch en sille der takomme jier ek noch wêze, ek al is of komt der in vaccin. Wy hiene tocht dat it yn septimber wol wer wat los rinne soe mei de oardel meter beheining, mar it tsjindiel is wier.

As wie yn juni 2021 twa wykeinen ‘Riemck” útfiere wolle moasten wy, as Bestjoer, de kommende moannen al taridings fêstlizze. Nei in protte wikjen en weagjen is - finansjeel sjoen - 'Riemck' ek yn korona-styl net helber. Mei in skatting fan 100 oant 140 besikers per jûn is it iepenloftspul finansjeel net ferantwurde.

De kosten binne dan fierstente heech en dermei soe al it ‘publyksjild - wat wy de ôfrûne jierren mei aksjes en fierdere ynkomsten opsparre hawwe – ynset wurde moatte.

Al hoe spitich it ek is kin ‘Riemck’ yn juni 2021 net organisearje wurde.

Dy ‘priis ‘ is gewoanwei te heech. En foaral de ûnwissens makke dit ôfsizzen, ta in swier beslût. Wy sille dochs wachtsje moattte op bettere tiden en dan mei in ‘bosk’ publiek op de tribune.

Wat úteinliks ek it grutte merkteken is fan it iepenloftspulbarren yn Fryslân."