It is wer tiid foar de sutelaksje.
It is wer tiid foar de sutelaksje. Foto: Ingezonden

Sutelaksje Fryske Boek yn Wergea

WERGEA - Foar de fiifde kear yn de nije opset sille we mei de Fryske boeken by de doaren del. We komme wer op de fertroude tiid, sneon 5 oktober tusken 11.00 en 14.00.

Fanút Us Doarpshûs sille de sutelders mei de kroaden fol boeken by jo del komme. Ek it bûsboekje is der wer by! Om bewenners yn ús doarpen entûsjast te meitsjen foar de nijste Fryske boeken, wurdt der in wike fantefoaren in folder mei ynformaasje ferspraat. Mochten jo sneons net thús wêze, dan kinne jo ek in bestelbon opstjoere.

Ek dit jier is der rûnom yn de provinsje sutele. Yn gearwurking mei de stifting Boeken fan Fryslân hat skriuwer Ferdinand de Jong it suteljen fan Fryske boeken yn 2009 wer oppakt. Yn Wergea fersoarget Filmkafé Bagdad de sutelaksje.
In pinautomaat is oanwêzich foar it gefal minsken gjin kontanten yn hûs hawwe. Jo kinne ek delkomme yn us Doarpshûs tusken 11.00 en 14.00. Sjoch foar mear ynfo oer alle sutelaksjes op: www.facebook.com/Sutelaksje.