In fragmint út it iepenloftspul 'Animal Farm' yn Sparjebird by de Himrik.
In fragmint út it iepenloftspul 'Animal Farm' yn Sparjebird by de Himrik. Foto: Sietse de Boer

'Animal Farm' as iepenloftspul troch de iepenloftploech fan Opsterlân

HIMRIK - De wrâldferneamde fabel 'Animal Farm' fan de Ingelske skriuwer George Orwell is ek ferfilme. En no is der in Frysktalich iepenloftspul, dizze moanne te sjen yn it iepenlofféater fan Sparjebird, it âlde, fertroude plakje fan de iepenloftploech fan Opsterlân.

Sûnt maaie is de spilersploech fan Iepenloft Opsterlân ûnder lieding fan de jonge regisseurs Job de Roo en Eline de Vries dwaande om it stik Animal Farm op 'e planken te setten. De premjêre wie freed 6 septimber.

Se hawwe der genôch fan: de bisten fan Wassenaar's buorkerij. Underdrukt, opsletten en te min iten. Se komme yn opstân tsjin de fijân: de minske. Under lieding fan de bargen wurdt de boer derút goaid en
bouwe de bisten in bettere wrâld. Hoera!

Der wurdt libbe neffens de prinsipes fan it Animalisme. Dat betsjut: elkenien is gelyk. Mar guon bisten binne mear gelyk as oare... En dan binne de rapen gear fansels.

De rollen wurde delset troch bern en folwoeksenen. De 'live' muzyk wurdt spile troch de bekende Spijkerpakkenband. Fierder wurdt der ek dûnse yn de foarstelling. De foarmjouwing is it wurk troch Afke Manshanden, yn gearwurking mei in soad frijwilligers.

It stik is noch te sjen op 13, 14, 15, 18, 21, 25, 26 en 27 septimber, alle kearen fan 20.00 oere ôf. Sjoch ek: www.iepenloftspul-opsterlan.nl en op Facebook.