Ynstjoerd: Werberie oer wenningbou?

'De Warren giet net troch', skreau Hans van Woerden út Suwâld (Actief fan 14 augustus, side 11). De 150 kompinsaasjewenningen sille dêr no net boud wurde en ek de troch b. en w. winske reguliere bou fan 350 wenningen is gjin reeële opsje mear.

Wat in gelok dat der partijen yn 'e ried fan Tytsjerksteradiel binne dy't de megalomane plannen tsjinhâlden hawwe. Dêrmei is tefoaren kaam dat - los fan de miljeuskea - der oer tsien jier wer in probleem 'Burgum-west' oplost wurde moat. Wat ek in gelok foar dy earme skoal bern dy't by it trochgean fan dit plan yn 'e takomst alhiel nei Burgum-east nei skoalle moatte soene. Want yn wat no Burgum-west is, binne de basisskoallen fuortsanearre. Sy soene dan byneed noch yn Suwâld nei skoalle kinne...

Dat CDA en PvdA de miljoeneproblematyk graach oplosse wolle, seit himsels, want in pear miljoen skea is net bêst. Mar om dan de iene sûnde - grûn te djoer oan keapje - mei de oare - in ferkearde argumintaasje - te bedekken, is fansels foute boel. In pear jier lyn wie Tytsjerksteradiel de op-ien-nei rykste gemeente yn Fryslân wie en no de earmste! Moat dêr in ekstern ûndersyk nei dien wurde?

De situaasje biedt nije kânsen: 1. Bebou hjir en dêr yn Burgum de iepen romten en sjoch nei noard/east. 2. Jou einlings mei wentebou ek omtinken oan de oare - lytse en middelgrutte - doarpen yn Tytsjerksteradiel.

Mei as gefolch fan it wenningboubelied fan de lêste 20 jier moasten der ferskate skoallen slute. Troch kreative oplossings fan skoalbestjoeren koe der op in tal doarpen noch ien skoalle oerbliuwe. Mar as it besteande boubelied net feroaret, dan ferdwynt oer tsien jier ek de lêste skoalle op guon doarpen.

It freget lange-termyn-tinken. Mannich partij, ek myn eigen CDA, skriuwt en ropt om de fjouwer jier by de ferkiezingskampanjes dat der ek wat barre moat yn de lytse en middelgrutte doarpen. Mar men docht it net: men hat net genôch kont yn 'e bestjoerlike broek om tsjin de, faak amtlike, negative advizen yn te gean. Ja, yn Garyp, Sumar en Eastermar bygelyks is de lêste jierren wól boud. Mar dan 20 jier te let. Dat hieltyd 'achter de feiten oanrinne' is de repetearjende tekoartkomming as it de boppeneamde bouproblemen oanbelanget.

Feike Hamstra, Eastermar