FNP-er: "Drinkwetter goed beskermje"

NOARDBURGUM – Hoewol 't der neffens TNO 1100 miljard kubike meter goed drinkber grûnwetter yn de Nederlânske boaiem sit, binne der wol bedrigingen. Dat krigen politisi fan de FNP foarige wike te hearren by in besite oan drinkwetterbedriuw Vitens.

Dy bedrigingen besteane út: fersilting (sâlter wurde), dongstoffen (sa as ammoniak en fosfaat), gewaaksbeskermingsmiddels, medisynresten, âlde boaiemfersmoargings, 'geothermie'-projekten, 'fracking', it foarse gebrûk fan grûnwetter troch de 'suvelreuzen', grutte feehâlderijen mei in eigen grûnwetterynstallaasje en oare boarnen.

It is oan de provinsje Fryslân om fergunningen te jaan foar grûn-drinkwetterwinning en oan Wetterskip Fryslân en FUMO om kontrôles út te oefenjen op feilich swimwetter. It is oan Vitens om te soargjen dat drinkwetter skjin út de kraan komt. Wetterskip Fryslân moat soargje foar foldwaande en skjin oerflaktewetter binnen de Europeeske Kaderrichtline Wetter (KRW). Om drûchteskea, lykas foarich jier, foar te kommen, troch foldwaande berging fan oerflaktewetter yn drûge skoften.

Jan van der Kooi út Ryptsjerk, hjoeddeistich lid fan it Algemien Bestjoer fan Wetterskip Fryslân en nûmer 4 op de list fan de FNP foar de wetterskipsferkiezing op 20 maart, set him boppedat yn foar de Fryske natoer, de 'ambachtsekonomy' en foar sinnepanielen op bedriuwsgebouwen. "De natuer, dy't foar ús mienskip fan libbensbelang is, moat fierder ferstevige wurde", fynt hy. "Midden- en lytsbedriuw en ûnderwiis moatte folle better op inoar oanslute, om krapte fan faklju foar te kommen."