Kom mar op! spilet 'De man dy't himsels tekoart die'.
Kom mar op! spilet 'De man dy't himsels tekoart die'. Foto: Ingezonden

Komeedzje by 'Kom mar op!' yn Suwâld

SUWALD - Kom mar op! spilet yn maart yn Sûwald it stik 'De man dy't himsels tekoart die'. Dizze kluchtige komeedzje mei in swart rântsje fan Nikolaj Erdman wurdt regissearre troch Nynke Talsma.

Simen is in ienfâldige arbeider dy't it swier hat mei it feit dat syn frou him finansjeel stypje moat en dat syn skoanmem by harren ynwennet. Hy fielt him bûtensletten, oerstallich, wanhopich. Hy sjocht mar ien útwei: selsmoard!

Yn earste ynstânsje lit hy eltsenien yn dizze waan. As der inkele frjemden oer de flier komme dy't Simen syn foarnimmen foar eigen doelen brûke wolle, begjint Simen him in bytsje in held te fielen, mar doart hy dizze rol oant de ein te spyljen? De útfierings binne op 16, 17, 23 en 24 maart yn doarpshûs De Suderfinne yn Suwâld. Reservearje no kaarten op www.kommarop.frl of skilje foar mear ynformaasje mei 0511-432355.