Chocolatier Wiebe de Jong rûn staazje by ien fan de bêste
patissiers fan België, Roger van Damme.
Chocolatier Wiebe de Jong rûn staazje by ien fan de bêste patissiers fan België, Roger van Damme. Foto: Ynstjoerd

Garnalefabrykbonbon spesjaal ûntwikkele

DOKKUM - Wiebe de Jong ûntwikkele spesjaal foar Anke Bijlsma fan programma 'de Garnalefabryk' in bonbon yn 'e foarm fan in Garnaal mei spatjses knalreade en griene kleuren mei de sâltige smaak fan seekraal en de swietens fan karamel.

Fan no ôf is dizze te keap fia syn bedriuw Shock O Laté. In moai momint om dit te lansearjen sa yn de desimbermoanne. "Do kinst mei dit doaske bonbons in oarizjineel kadootsje jaan, lekker by de kofje en unyk foar ûnder de krystbeam. In doaske mei bonbons kostet € 8,00", seit Anke fan it Garnalefabrykje by Moddergat.

It leafst wurket Anke mei lokale ûdnernimmers. Sa binne der yogalessen fan dosinte Ine de Bruin dy't njonken de Garnalefabryk wennet, in 'bootcamp' fan Anneke Kroodsma fan Anneke's lifestyle-studio út Holwert en hat de Nessumer keunstner Gerrit Breteler twa groepen mei kursisten dy't portretskilderjen leare.

De bonbon komt ek net út de loft fallen. Wiebe hat yn novimber twa kear in útferkochte workshop sûkelarjebewurkingen jûn. Yn jannewaris komt der wer in nij programma, ek Wiebe jout dan wer les yn de Garnalefabryk!

Wiebe is 25 jier, berne yn Hantumhuzen en wennet yn Dokkum. Syn horeka-karjêre begûn hy by restaurant 'De Waard fan Ternaard'. Hy rekke dêr fereale op 'de pattiserie'.

De Garnalefabryk Bonbon is te bestellen fia de webside www.garnalefabryk.nl