Net eltsenien yn it stik past op dizze foto....
Net eltsenien yn it stik past op dizze foto.... Foto: Ynstjoerd

Pro Rege spilet 'Komkommertiid'

DOKKUM - Ha jo ek sin om in jûn hearlik te laitsjen? Kom dan sneon 25 novimber nei Bowling- en Zalencentrum Dokkum. Hjir spilet toanielselskip 'Pro Rege' út Holwert har blijspul 'Komkommertiid'. It stik is skreaun troch Carl Slotboom en oerset troch Abele Krist.

Jo nimme in âld, wat ferrûn hotel op it plattelân, mei de nochal stive, uterst korrekte eignaresse Josefien, en har persoanielslid Frits dy't leaver lui as wurch is.

Betizingen en brike situaasjes

Twa hotelkeamers mei in sletten tuskendoar, mar wol mei in kaaisgat. Ferskate gasten, lykas Marion. Sy siket rêst om nei te tinken oft se wol fierder wol mei de man dêr't se in ferhâlding mei hat. Hans en Claudia, o sa fer eale, en Gerrit en Marie dy't in fakânsje wûn ha en foar it earst yn harren 25-jierich houlik op fakânsje geane.....

Dan strúnt der ek noch fotosjoernalist Bert troch it hotel, sykjend om de perfekte foto. Dit alles soarget foar keamerferwikselingen, gnuverij troch kaaisgatten en de bemouisucht fan de eignaresse. In jûn mei in grut oantal betizingen en brike situaasjes, dus wurdt grif in jûn mei in protte wille, mei nei ôfrin in ferlotting.

It begjint om 20.00 oere en de tagongspriis is € 12,- p.p., foarferkeap € 10,- p.p. Reservearje kin fia toneelholwerd@hotmail.com.