Freed Ferteljûn yn Aldegea

ALDEGEA - Freed 22 juny is der in ferteljûn yn Aldegea (Sm.). Dizze jûn wurdt organisearre troch de Kulturele Kommisje Aldegea.

Op ferskate plakken yn it doarp steane fertellers mei in spannend, gek, histoarysk of út de tomme sûge ferhaal.

Elk ferhaal duorret sa'n 15 oant 20 minuten, dêrnei kin elk in oare ferteller opsykje om te harkjen. "Om 19.30 oere begjinne wy en dêrnei elk heal oere wer in ferhaal. Wy slute om 21.30 oere ôf yn MFC De Gearrin mei in ferhaal, ferteld troch in bekinde Fries. Dêrnei is der noch in drankje te keap yn de Quick-kantine."

Fan 19.00 oere ôf kinne jo in plattegrûn mei fertel-plakken helje by De Gearrin.

Kosten 3 euro.