Eize de Boer út Noardburgum.
Eize de Boer út Noardburgum. Foto: Actief Media

Twadde roman Eize de Boer "smakket nei mear"

NOARDBURGUM - Eize de Boer (67) koe as skoaljonge goed leare. Mar dêr hie er net it measte nocht oan. Hy woe perfoarst nei de ambachtskoalle, om automonteur te wurden. Want hy wie gek op auto's. Dat slagge: fyftjin jier hat er yn autogaraazjes wurke. Dy technyske kant fan De Boer is ek werom te finen by de haadpersoan fan 'Monkeys dilemma'.

Troch Gerrit van der Meer

It boek spilet him ôf yn 1984. Dat wie, foar de jongerein goed om te witten, ûngefear krekt sa'n ekonomysk ûnwisse tiid as de ôfrûne krisisjierren (2008-2015). Ek doe wiene der eins gjin fêste banen foar jongelju te besetten. De haadpersoan yn dit boek, dy't fan syn kollega's yn it technysk bedriuw Fritsma Buizen en Profielen de bynamme 'Monkey' kriget, hat dan ek allinne wurk fia in útstjoerburo. Hy wurdt troch syn baas hieltyd oan it lyntsje hâlden mei it boadskip, dat er goed wurk leveret, mar dat der fanwege de ekonomy noch gjin fêst wurk foar him yn sit.

De Boer hat soks ek meimakke. "It wie ekonomysk in minne tiid. Dochs haw ik noait sûnder wurk west", seit er. In ferskil tusken de skriuwer De Boer en de haadpersoan 'Monkey' is, dat Eize de Boer boppedat oan it learen gie, doe't er útsjoen rekke op it automonteursfak. "Ik hie der nei fyftjin jier net genôch mear oan."

Lyrische Courant

Hy hie doe al niget oan dichtsjen. Foar de 'Lyrische Courant' yn de Ljouwerter Krante skreau er al gauris Nederlânsktalige gedichten. Hy wûn der ek prizen mei. Frysk skriuwe hie er op de legere skoalle yn Snits net leard. "Mar dat wie en is wol de taal dy't my it meast nei leit. Ik woe ek Frysktalige gedichten skriuwe kinne. Dus doe bin ik op kursus Frysk gien by de Afûk."
Hy rekke sa ek oan it wurk foar kranten en wykblêden, lykas Frysk & Frij, it Friesch Dagblad en wykblêd Actief. (Foar Actief hat De Boer jierrenlang it Actiefers skreaun, in wykliks gedicht taspitst op de aktualiteit). Yn 1989 ferskynde De Boer syn earste roman: 'Op 'e flecht'. Mar dêrnei naam it 'koarte baan-wurk' safolle tiid yn beslach, dat it skriuwen fan in nije roman der jierrenlang by bleau. "No't ik 67 bin en AOW krij, plus in lyts pensjoentsje, haw ik einliks tiid om mear te lêzen én mear te skriuwen. It smakket nei mear."

De haadpersoan 'Monkey' twivelet allegeduerich oan himsels, ek al kriget er kompliminten fan kollega's en fan syn baas. Gauris tinkt er: "Ik bin it mar." Ek privee sjocht er net heech by hmsels op. Mei syn frou Tanja is er wol tige wiis. Mar hy kin de eagen likemin fan oare froulju ôf hâlde. De Boer wit datoangeande de spanning der goed yn te hâlden: soe 'Monkey' by Tanja bliuwe, of by eintsjebeslút kieze foar in oare frou?

It wie Jitske Kingma fan útjouwerij Elikser yn Ljouwert dêr't De Boer as earste kontakt mei socht, doe't er it boek klear hie. "Stjoer mar op, ik ha der alle fertrouwen yn", wie har reaksje. Fan it ien kaam it oar. "Ik haw it noch wol wat oanpast, mar hoegde dus net fierder te sykjen nei in oare útjouwer."

'Monkeys dilemma' is ferskynd by útjouwerij Elikser yn Ljouwert en te keap yn de boekhannel foar 18,50 euro.