De fjouwer dames yn 'e tún yn
Kollumersweach.
De fjouwer dames yn 'e tún yn Kollumersweach. Foto: Ingezonden

Fjouwer generaasjes 'fammen', ien foto

KOLLUMERSWEACH - De fjouwer froulju op dizze foto binne fan ien famylje en beslane fjouwer generaasjes. Dat der fjouwer binne, is op himsels al bysûnder, as men wit hoe't harren leeftiden ferskille. Fandêr ek de foto en it omtinken yn dit wykblêd.

It giet om, fan âld nei jong: Janna de Boer-Veenstra (89), Annie van der Steege-de Boer (55), Janna van der Land-van der Steege (33) en Aniek van der Land. Dy is berne op 12 april dit jier. De foto is makke yn de tún fan it echtpear Van der Land-van der Steege yn Kollumersweach. Alle froulju binne sûn, wie it boadskip koart nei it meitsjen fan de foto.

Janna de Boer-Veenstra is troud mei Pieter de Boer (92). Sy wenje noch selsstannich yn Gytsjerk. Sy krigen ien famke, dat is dus Annie van der Steege-de Boer. Dy troude mei Bart van der Steege (58). Sy buorkje yn Aldtsjerk op in greidbuorkerij.

Fiifde generaasje op ien hússtee

Sy krigen fjouwer bern: ien famke (de âldste) en trije jonges. Dat famke is no Janna van der Land-van der Steege. Sy troude mei Marten van der Land (34). Sy wenje yn Kollumersweach en krigen as earste bern ek wer in famke, Aniek van der Land.

Dizze lytse poppe is boppedat de fiifde generaasje fan Marten van der Land syn famylje op it adres yn Kol lumersweach.