'Das Parfum' aanst ek yn it Frysk

DRACHTEN - De wrâldferneamde roman 'Das Parfum' (1985) fan de Dútske skriuwer Patrick Süskind wurdt tongersdei 24 maaie ek yn it Frysk útbrocht, troch Regaad, It wie al útkaam yn 55 talen.

De oersetting is fan âld-dosint Frysk en Nederlânsk Jan Popkema út Burgum. Fan de roman binne al mear as tweintich miljoen eksimplaren ferkocht. Ek de film op basis fan it boek wie in súkses. De presintaasje fan it boek is tongersdeitejûn op 'e Smelle Ie, oan board fan rûnfeartboat 'Harmonie' (lisplak: Drachten). Dêr sille Hein Jaap Hilarides en Elmar Kuiper muzyk meitsje en poëzij foardrage. Boppedat sil Parfum-kenner dr. Henk Harbers (RuG) de oanwêzigen fertelle hoe knap oft Süskinds boek eins yninoar stekt. Onamelde en mear ynformaasje: ynfo@regaad.nl û.f.f 'oanmelding Parfum. www.regaad.nl/wp/boekpresintaasje-it-parfum