Spektakel 'Rêdbâd' yn Broeksterwâld

BROEKSTERWÂLD - 'Rêdbâd, Libben en striid fan de grutste Fryske kening', is te sjen as iepenloftspektakel yn Broeksterwâld.

Rêdbâd wurdt op it skyld tild. Hy wie de hearsker, de kening dy't de Fryske seelannen ferbynt. Hy is dreaun en eigensinnich. Beret om de sân Fryske lannen ta ien gehiel te meitsjen om sa in blok te foarmjen tsjin it machtige Frankenryk. Mei dizze skyldferheffing by de Upstal beam yn Auwerk (Aurich) begjint ien fan de meast bysûndere tiden yn de Fryske skiednis. Teatertún Broeksterwâld bringt de betide Midsiuwen op spektakulêre wize ta libben. It publyk wurdt meinaam nei in tiid fol mystearje en frjemde fer skynsels, âlde gewoanten en fjildslaggen. Mar 'Rêdbâd' giet foaral oer leafde en freonskip. Foarstellingen op 28, 29, 30 juny en 5, 6, 7 en 13 en 14 july. Ynfo en kaarten: www.redbadbroeksterwald.frl