The Amp komt nei 23 jier wer by elkoar, spesjaal foar it Wâldrock poadium.
The Amp komt nei 23 jier wer by elkoar, spesjaal foar it Wâldrock poadium. Foto: Ingezonden

Wâldrock poadium op befrijdingsfestival

LJOUWERT - It ferneamde festival Wâldrock, dat tritich jier lyn foar it earst hâlden waard by Burgum, komt foar ien kear werom. It programma Noardewyn Live fan Omrop Fryslân sil op 5 maaie op it befrijdingsfestival yn Ljouwert fan 13.00 oant 22.00 oere poadium biede oan allerhanne acts dy't ea op dit festival spile hawwe.

Twa opfallende nammen hjirby binne Claw Boys Claw en Strawelte, dy't spesjaal foar dizze dei wer by elkoar komme.

Mar ek de band The Amp komt nei 23 jier wer by elkoar hjirfoar, lykas Restless en Incursion Dementa. Al dizze bands binne al tiden drok dwaande mei de tariedings en oefensesjes.

Yn 1988 sette it allegear út ein op de autokrossbaan fan Sumarreheide. "Wy dienen mar wat, mar wol mei 200 prosint passy", seit ien fan de oprjochters, Willem 'Wâldpyk' de Vries. Op dy earste edysje kamen sa'n 1500 minsken ôf, mei bands as Kobus Gaat Naar Appelscha, The Nits en Claw Boys Claw. Yn dizze 2018 edysje sille neist de al beneamde bands ek Weekend at Waikiki, Bad to the Bone, Livin' Blues Experience, Jankobus Seunenga & special friends en de Doelleazen noch optrede. Bruno Rummler sil in earbetoan oan syn omke Doede Bleeker bringe. Dy wie yn 1988 pauze-act, en ferstoar heal maart dit jier.

"Alinne foar Willem Alexander of Willem Wâldpyk komme we wer by elkoar," sa sei Klaas Land it, de manager fan Strawelte.

It Noardewyn Live-poadium is te finen yn de Arendstuin yn Ljouwert. Fan 13.00 oere ôf binne de optredens te folgjen by Omrop Fryslân radio, telefyzje en Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 18.00 oere wurdt de útstjoering op radio en telefyzje ôfsletten, mar giet it op it plein en de livestream troch.