De Snieskippers spilje 'Wa fan de twa' yn 
Jistrum.
De Snieskippers spilje 'Wa fan de twa' yn Jistrum. Foto: Ingezonden

De Snieskeppers spylje 'Wa fan de twa'

JISTRUM - De Snieskeppers binne al wer drok dwaande mei de tariedings foar de komeedzje 'Wa fan de twa'. Betinker en skriuwster fan dit stik is Anneke Hogeveen út Gytsjerk.

Yn it stik wurdt net allinnich spile, mar ek songen op bewurkingen fan lietsjes fan ûnder oare Doe maar, Stef Bos, ABBA en Claudia de Breij.

It stik giet oer Marije, de dochter fan Jenny. Marije wurdt hast 21 en giet op ûndersyk nei it ferline fan har mem. Marije komt der efter dat har mem yn de jierren '70 genoaten hat fan it frije libben, doe't alles koe en tastien wie. Foar it feest dat har mem foar har organisearret, hat Marije stiekem twa manlju útnoege: beide soene har heit wêze kinne! Hoe sil it weromsjen mei Jenny falle? En wa fan de twa is de heit fan Marije?

Nijsgjirrich wurden hokker kant dit útgiet? Kom dan nei ien fan de foarstellings: op freed 16 maart, saterdei 17 maart, freed 23 maart of saterdei 24 maart.

De foarstellings fine plak yn De Phoenix oan de Joast Wiersmawei yn Jistrum. Oanfang 20.00 oere.

'Wa fan 'e twa?' duorret omtrint oardel oere en wurdt ûnderbrutsen troch in skoft. Tagongsprizen: folwoeksenen € 5,- . Sponsors en donateurs dy't € 10,- of mear donearje, hoege gjin yntree te beteljen en bern ûnder de 12 jier kinne fergees de foarstelling besjen.