'Mutsen' troch toanielferiening Marrum

MARRUM - 'Mutsen' wurdt spile troch toanielferiening Marrum e.o. op freed 9 maart om 20.00 oere en sneon 10 maart om 20.00 oere yn 't doarpshûs yn Marrum.

De seis susters wurde spile troch Alie Veltman, Alie van Oosten, Monica Terpstra, Gaatske de Vries, Sjoukje Boersma en Janke Bouma. De regy is yn hannen fan Janet Rekker. De ferskillen tusken de susters wurde hieltyd dúdliker en foar it earst ek beneamd. De yrritaasjes wurde sichtber.

De geheimen en swierrichheden komme boppe wetter. As dan ek noch suster seis ferskynt liket it gesellige wykeintsje fuort bedoarn. It is een susterwykein fol mei humor en ûnferwachte wendingen.

Kaarten kostje € 9,00 per persoan en foar bêrn oant 12 jier € 5,00 per bern.