'Alleskinner' Bertus Klazinga (62) stoarn

DRACHTEN - Skriuwer fan romans, toanielstikken en lietsjes én lietsjonger én tekener Bertus Klazinga (62) is sneon yn Drachten ferstoarn. Hy wie ek âld-meiwurker fan wykblêd Frysk & Frij en fan wykblêd Actief.

Syn romandebút 'De ielfretters' ferskynde yn 1992. "In ûnthjit", neffens Freark Dam yn wykblêd Frysk & Frij. Klazinga skreau ferskate toanielteksten, lykas foar iepenloftspullen, mei in eigen humor. Foaral 'autoriteiten moasten it by him ûntjilde. Hy skreau lietteksten, ek foar sjongers. It meast bekind by it grutte publyk waard er mei it duo Ferbean, tegearre mei sjonger en muzikant Anko Bouma út Warten.

As gefolch fan Alzheimer wie Klazinga al jierren út it wurk. Hy stoar saterdei yn Lanen State yn Drachten op 62-jierrige leeftiid, dêr't er de lêste oardel jier ferbleau.