Musical 'Bloedbân' yn Broeksterwâld

BROEKSTERWALD - Toanielfer iening It Moat Kinne út Broek sterwâld/de Falom spilet al 30 jier toaniel. "Dit jier kombinearje wy al dy eliminten yn ûs nije stik, de musical Bloedbân."

De regie is fan Atsje Lettinga en Evert Rypma, live musiek troch Sander Stienstra. Bloedbân is it ferhael oer de twalling Michael en Eduard. Troch in oerienkomst tusken harren earme mem, frou Jonkers en de rike frou van Leeuwen groeie de jonges apart fan elkoar op. In grutter fer skil kin der net wêze mar de jonges wurde beste freonen, bloedbroers. As se fereale reitsje op itselde famke liket de bloedbân dochs net sa sterk as se tochten. Bloedbân is te sjen op 9,10, 16 en 17 febrewaris om 20.00 oere yn doarpshûs de Pipegael yn Broeksterwâld. Foar kaarten en ynfo sjoch op www.itmoatkinne.nl of yn doarpshûs de Pipegael.