Klún & Knoffelhakke yn Damwâld

DAMWALD - It nije programma 'Dikke maten' fan teaterduo Klún & Knoffelhakke út Hantum, gie op 16 septimber 2017 yn premjêre. Op 3 febrewaris fan 20.30 oere ôf spilet it duo dit nije programma yn de Krúswei yn Damwâld.

Sûnt dy earste offisjele útfiering is it programma al wer rûnom yn Fryslân spile. It is tige goed ûntfongen en it smyt nei elk optreden altyd in protte fleurige reaksjes op. De muzyk op dizze jûn yn Damwâld wurdt fersoarge troch Timeless. In moaie gelegenheid om it duo as de dikke maten ris yn aksje te sjen. Want as jo al fan 1994 ôf tegearre op 'e planken steane, dan kin it hast net oars as jo binne echte dikke maten wurden… Mar… Hoe moatte wy dit eins lêze? Wat bedoelt it duo mei dikke? Sille wy dat dan mar oan de taskôgers oerlitte? De programma's fan Klún & Knoffelhakke litte harren it bêste om skriuwe as typkesteater, wêryn't it publyk ek net fergetten wurdt. Klún & Knoffelhakke besykje der in show fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. En dochs is der in reade tried, mar besykje dy tusken alle wille troch mar ris te finen…

'Dikke maten' is alwer de achtste show fan it Hantumer teaterduo. Al hast 25 jier witte se oeral dêr't se komme de fleur deryn te hâlden. Ek mei dit nije programma sil dat fêst wer slagje, want dat is it duo harren doel: de minsken in noflike jûn besoargje. Lekker laitsje... Kaarten à € 15,00 kinne besteld wurde fia de webside fan it teaterduo: www.klun-knoffelhakke.nl of fia de webside fan de Krúswei: www.dekruisweg.nl;
belje mei ek: (0519) 571810.