Bart as 'Macky M.' (Jitze Grypstra, midden achter) falt op sawat alle froulju. Scan de foto foar in filmke.
Bart as 'Macky M.' (Jitze Grypstra, midden achter) falt op sawat alle froulju. Scan de foto foar in filmke. Foto: Actief Media

'Ensemble': akteurs binne ek mar minsken

HURDEGARYP - Ien aspekt sprong der út, sneontejûn by de premjêre fan it stik 'Ensemble' troch MRV Tesselschade yn Hurdegaryp: akteurs binne ek mar minsken, dy't somtiden muoite hawwe om harren ferskate 'rollen' skiede te kinnen en werklikheid en fantasij wolris ferhaspelje.

Troch Gerrit van der Meer

'Regisseur' Cees Hylkema leit fuort oan it begjin oan de spilers - en dus ek oan it publyk - út wat de bedoeling is: it amateur-teaterselskip STOFA wol 'De Bedelaarsopera' (1728) fan John Gay foar it fuotljocht bringe yn in meartalige bewurking: mei Fryske, Nederlânske, Dútske en Italiaanske teksten en lieten. Wat it publyk te sjen kriget, binne repetysjes, dy't soms speak rinne troch priveekwestjes fan de akteurs: ûnderlinge leafdesrelaasjes, jaloerskens, drankmisbrûk en ek kriminele trekjes. It liedt wol ta komyske sênes.

Ien fan de 'haadrolspilers' - Bas (Jaap Jan Hemmes) - wurdt op in stuit sa oerémis fan de yn panyk rekke regisseur, dat er it selskip ferlit. Regisseur Cees makket it der ek wol nei, as er (yn panyk) seit: "De hiele teringbende is skrast!"
Efkes letter giet it repetearjen dochs wer fierder, sûnder dat dúdlik wurdt hoe't dizze krisis te boppen kommen is. No ja, ien oplossing is al fûn: de nije spiler Bart (Jitze Grypstra) kriget der noch in tredde rol by. Hy is noch mar amper as 'Macky M.' (Macky Messer) út ein setten, of dêr is Bas ek wer, ék as Macky M. Hawar, ek dat 'probleem' wurdt oplost.
Wat keunstmjittich is it brûken fan muzyk en Dútsktalige lieten op cd út de Dreigroschenoper fan Bertolt Brecht en Kurt Weill; de akteurs sjonge mei, gauris troch te 'playbacken'. No ja, it past wol by de reade tried fan it gehiel: werklikheid en fantasij rinne wolris wat trochinoar hinne.
Der binne noch kaarten te keap.